Kaarten
BIJKE WEGENS SUCCES VERLENGD

FANWEGE SUKSES EKSTRA FOARSTELLINGEN BIJKE
ALVE EKSTRA FOARSTELLINGEN YN DOARPSHÛZEN, TEÄTERS EN FOAR STUDINTEN 

Bijke fan Pier21 wurdt fanwegen grut sukses ferlinge. Yn jannewaris 2023 kinne leafhawwers fan teäter noch nei Bijke yn Ysbrechtum, Mantgum, Anjum, Sumar, It Hearrefean en Ljouwert. Yn novimber en desimber binne der fiif ekstra foarstellingen pland foar studinten fan NHL Stenden, Friese Poort en Friesland College.

Yn totaal spilet Bijke yn 2022 en 2023 mear as 50 kear op 44 lokaasjes rûnom yn ‘e provinsje. Oant no ta binne der al rom 8.000 kaarten ferkocht. “It is dochs altyd ôfwachtsje hoe it publyk reagearre sil op in nije foarstelling, seker no”, sa ferteld David Lelieveld, kreatyf produsint fan Pier21. “De kombinaasje fan in werkenber tema as iensumens, de moaie tekst en it prachtige spul fan Joke, Theun en Bobby wurket fantastysk”, sa giet Lelieveld fierder.

Bijke foar studinten
Dat it tema iensumens net allinne nijsgjirrich is foar in âldere doelgroep docht bliken út de grutte belangstelling fan MBÛ en HBÛ skoallen om de foarstellingen foar studinten te spyljen. Yn gearwurking mei Afûk sil Bijke fiif kear spylje foar studinten fan NHL Stenden, Friesland College en Friese Poort. De studinten sille dan in maatsje, fan staazje of earne oars, meinimme. Dizze foarstellingen binne besletten.

Oer Bijke
Agnes wennet al jierren by René op de buert, mar gjin minsk hat in idee wat Agnes by de ein hat. Sy is slim op harsels. Agnes bemuoit har mei net ien en sjochst har noait op ‘e dyk. As har hûn Bijke op in dei syn oandacht lûkt, fynt René Agnes langút lizzend op de keukensflier. Hy is noch mar krekt op ‘e tiid. Agnes wurdt mei de ambulânse ophelle. Sa bedarret Bijke by René.

Hie hy earder mei har kontakt sykje moatten? Of wie it krekt goed dat er har gewurde liet, om’t sy net siet te wachtsjen op oare minsken? René begjint te twifeljen. Ek oan himsels. Uteinlik moat er tajaan dat er Agnes better begrypt as dat er earst trochhie en dat er mear op har liket as dat er wol. 

De parse oer Bijke:

“In peareltsje” Leeuwarder Courant

“Betekenisvol theater over eenzaamheid”, Scenes

“In kadootsje puer toaniel”, Omrop Fryslân

“Vertederende hond verwarmt de harten”, Theaterkrant

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.