Kaarten
oktober 2024
Krijst der safolle foar werom

In tragikomeedzje oer in spytmem, winskâlden en grutbringe.

Besjoch hjir it programmaboekje fan de foarstelling Krijst der safolle foar werom. Yn dit boekje lêst alles om de foarstelling en de eftergrûn dêrfan hinne. Bist benijd? Klik op de knop.

Recensies

  • Leeuwarder Courant
    ★★★★★ Broer en zus worstelen intens en aangrijpend met moederschap in voorstelling 'Krijst der safolle foar werom' van Ali Zijlstra
    Resinsje Leeuwarder Courant
  • Friesch Dagblad
    Gevangene in een verkeerd leven, Pier21 maakt indruk met nieuwe voorstelling
    Resinsje Friesch Dagblad
  • Nieuwsblad NOF
    Pier21 brengt ontroerend verhaal over ouderschap
    Resinsje NOF
  • Theaterkrant
    Wat als je doodongelukkig bent in je rol als moeder?
    Resinsje Theaterkrant
  • De Westereender
    Krijst der safolle foar werom
    Resinsje Westereender
  • Op & Ut
    Ik soe de jongeren wol oanmoedigje wolle om dit stik te sjen
    Oflevering Op & Ut

De nije tragikomeedzje fan Pier21 oer it wichtige tema spytmem, winskâlden en grutbringe. Under regy fan Mara van Vlijmen en tekst fan Ali Zijlstra spylje Anna Raadsveld en Benno Veenstra broer en sus dy ’t in nachtlike konfrontaasje mei-inoar oangean oer bernewinsken, spytmemmen en âlderskip.

 

It is trije dagen foar kryst. Elkenien is drok dwaande mei tariedingen foar de feestdagen. Dit jier is it ekstra spannend want: Frank makket spesjaal foar it doarp in krystmusical mei jonge bern. De repetysjes binne yn folle gong. Yn alle hektyk ûntdekt Djoeke, syn suster, dat se opnij yn ferwachting is. Dêr skrikt se enoarm fan en se kin net langer fuortdrukke wat se eins al hiel lang fielt: se wol gjin mem wêze. Frank dêrfoaroer wol neat leaver as tegearre mei syn man âlders wurde. Wat folget is in lange nacht (yn it dekôr fan de krystmusical foar bern) dêr ’t harren tsjinstelde (berne)winsken yn botse: Harren ideeën oer harren eigen âlden en jeugd en oer wat it betsjut om sels âlder te wêzen.


Randprogramma | Irma van Steijn over spijtmoeders

Tijdens deze avond neemt GZ- en A&O psycholoog, seksuoloog NVVS en columnist Irma van Steijn ons mee in het thema spijtmoeders. Irma van Steijn, bekend van haar columns in de Leeuwarder Courant, brengt haar expertise als psycholoog en seksuoloog in.
Verwacht een inspirerende en interactieve avond! Deze avond is georganiseerd in samenwerking met Pier21, zij touren op dit moment door Friesland met de voorstelling ‘Krijst der safolle foar werom’. Deze Friese voorstelling raakt alle thema’s aan die wij deze avond ook zullen bespreken. Wil je nog een kaartje bemachtigen voor deze voorstelling? Klik dan op deze link.
Voor wie
Volwassenen
Wanneer
Op maandag 9 december van 19.30 tot 21.00 uur in Bibliotheek Dokkum
Of op maandag 16 december van 19.30 tot 21.00 uur in Bibliotheek Franeker
Aanmelden
Gratis. Aanmelden is wel even nodig. Aanmelden kan via onderstaande knop, bij de balie van de bibliotheek of door te bellen met onze klantenservice 088 – 16 56 123.
Aanmelden kan tot één dag van te voren.

Anna Raadsveld

Anna Raadsveld (1990) is berne yn Snits en groeide op yn Drylts. Se studearre yn 2014 ôf oan de Toneelacademie Maastricht. Se makke yn 2007 har akteardebút yn de film Timboektoe. Hjirnei spile se yn de (Nederlânske) films Riphagen, Smoorverliefd, Hoe duur was de suiker en Get Lost! Anna spilet neist films ek yn ferskate teäterfoarstellings en se hat har eigen teäter kollektyf Club NEL.

Benno Veenstra

Benno Veenstra (1993) is berne yn it Hearrenfean. Hy studearre yn 2017 oan de Amsterdamske Akademy foar Theater en Dans. Hy spile dêrnei yn teäterfoarstellingen lykas De rechtvaardigen met Eline Arbo, La Pretenza mei Jan Hulst en Kasper Tarenskeen en Lo Lie Taa yn solo by it Zuidelijk Toneel.Hy ûntfong itselde jier de Top Naeff Prijs foar talint dat gâns ûnthjit. 

Mara van Vlijmen

Mara van Vlijmen (1979)  studearre yn 2002 ôf oan de Toneelacademie Maastricht. Mei klassegenoaten rjochte sy dêrnei Teätergroep De Warme Winkel op, dêr’t sy oant 2021 diel fan útmakke. By De Warme Winkel hat se mear as 30 foarstellingen makke en it selskip mei ûntwikkele ta toanoanjaande groep en in smaakmakker fan it teäterlânskip. Neist it artistyk liederskip by De Warme Winkel is Mara ek altyd freelance as aktrise wurkje bliuwe foar film en telefyzje, en jout se in soad les op de Nederlânske toanielskoallen. Se docht geregeld (ein)regys by ferskate teätergroepen. 

Krijst der safolle foar werom in de media

Krijst der safolle foar werom is meerdere keren in de media verschenen. Artikelen in de LC en het Friesch Dagblad en een tv-uitzending Op & Ut van Omrop Fryslân.

Tip fan Pier21 | 2Doc: Spijtmoeders

Spijtmoeders houden van hun kinderen, maar niet van moeder zijn.

Wat als je van je kind houdt, maar doodongelukkig bent in je rol als moeder? ‘Spijtmoeders’ is een documentaire  over moeders die, als ze opnieuw mochten kiezen, liever geen moeder zouden zijn. De vrouwen vertellen over hun worstelingen met het moederschap, de schaamte en schuld die zij voelen, en de hoge verwachtingen die de maatschappij aan hen stelt. De documentaire is gemaakt door regisseur Milou Gevers. Ze sprak tientallen moeders over dit onderwerp.

De documentaire is uitgezonden op donderdag 16 mei op NPO 2, 2doc.nl en NPO start.

Credits

Spilers:
Anna Raadsveld as Djoeke, Benno Veenstra as Frank
Metaalbewurking
Bjirk Kramer
Regy:
Mara van Vlijmen
Houtbewurking:
Ave Kramer
Tekst:
Ali Zijlstra
Technysk produsint- en ljochtûntwerp:
Koos de Vries
Fryske Oersetting:
Nynke Laverman
Technyk:
Rutger van der Hout
Jesse de Vries
Bouke Jacob Plantinga
Chris OelmeijerJaidy van Leerdam (stazjêre)
Dekor- Kostúmûntwerp:
Sarah Nixon
Foarmjouwing:
Anna Witteveen
Dekorbou
Durk Kramer
Publiciteitsbyld:
Bernard Roorda
Fotograaf:
Lucas Kemper
Fideograaf:
Ramon Hoogerhuis

 

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.