Kaarten
'It hûntsje' - Bijke yn Sa!

Saterdei oan it ein fan ‘e middei kaam de fraach op tafel: wat sille wy jûn ris dwaan? We kinne op de bank hingje, mar wy kinne der ek opút. Efkes rûnstrunend op ynternet bedarren wy op de site fan de De Lawei. Wy hiene al ôfpraat dat wy wol wat mear nei it teater gean koene. Dat wie der de lêste jierren wat te faak by bleaun.

It die bliken dat de foarstelling ‘Bijke’ dy jûns spile yn Drachten. Dat kaam moai út, der stie moarns in wakker positive re- sinsje yn de Ljouwerter. Ien en ien wie trije dit kear, want der wiene ek noch kaartsjes genôch. Gau wat ite, ferstrûpe en noch gjin twa oeren letter sieten wy op rij 9 klear.

It waard in noflike jûn. Toanielskriuwer Bouke Oldenhof fan De Tynje liet wer ris sjen hoe goed en linich hy dialogen en monologen skriuwe kin. En wat is it Frysk dan dochs in prachtige en machtige taal. It hûntsje Bijke makke it hielendal ôf. It bist seach sa moai nei beide spilers op. En oars giene syn eagen rjochting de seal en like it krekt as seach hy ris goed wat foar folk der dit kear siet. Yn it stik brocht de hûn twa minsken by elkoar, dy’t elkoar alle dagen op de buert wol seagen, mar eins gjin kontakt hienen. In aktueel tema.

It duorre mar in oerke, mar by De Lawei binne se tûk. Der wie gjin pauze yn de foarstelling, mar nei de tiid wie der wol in drankje fergees, fansels by de priis ynbegrepen. Sa hâlde je it folk binnen de doaren. Dat dochs mar net nei hûs. En doe trof myn frou sa mar âlde kunde út it doarp wêr’t se opgroeide. En ik seach myn âld-learaar fan it Drachtster Lyceum dy’t yn 1984 ek myn regisseur wie doe’t ik meidie oan it skoalletoaniel. En dat wie yn deselde seal as wêr’t Bijke saterdei skittere.

En sa brocht Bijke net allinnich op it toaniel, mar ek yn de seal minsken wer by elkoar. Hoe moai kin it wêze.

Arend Waninge – Column yn Sa!

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.