Kaarten
‘In peareltsje’ - Bijke yn de Leeuwarder Courant

Twa sielen en ien hûn

Bouke Oldenhof hat wat mei hûntsjes, liket it. Jierren lyn skreau hy in monolooch oer in hûntsje dat syn baaske opfretten hie – út leafde, dat wol. Yn Bijke is Bijke al krekt sa’n oandwaanlik skepsel. Se spilet dan wol net de haadrol, mar sûnder har soe der noait wat bard wêze tusken Agnes en René. Dat it is net mear as logysk dat it stik nei har neamd is.

No is in hûn op it toaniel wol in bedriuwsrisiko. Lykas echte akteurs krije se graach oandacht, mar foar ‘sabeare dwaan’ binne se te earlik. Dus sit it publyk al gau te sjen wannear’t de natuer it wint fan it teäter. Mei Bijke hoecht dat net. Sy gunt har baaske Joke Tjalsma en har tsjinspiler Teun Plantinga alle romte, sa lang hja mar sa no en dan in bytsje omtinken krijt.

En dêr giet it stik eins ek oer. Agnes is wat se eartiids in ‘âlde frijster’ neamden. By de biblioteek hat se nei jierren trouwe tsjinst dien krigen. Fan dy tiid ôf is se noch mear dat wat aparte, op har sels steande frommeske wurden. Ien dy’t de hiele buert kin, mar mei wa net ien praat. René is in wat senuweftich jongkeardel dy’t in drok libben hat, mar mei himsels en mei syn relaasje yn de knoop sit sûnder dat hy dat sels goed troch hat.

Twa minsken dy’t wat lâns inoar en lâns harsels libje: hoe meitsje je dêr in drama fan? Oldenhof hat it oplost mei in soad lytse en in pear langere monologen. Op dizze wize komme we in soad te witten oer dizze twa minsken, harren ferline, eangsten en fertriet. Dy wurkwize is ek net sûnder risiko, want folle spanning sit dêr net yn, en de taskôger moat de kop der goed by hâlde.

Dochs smyt it wol wat op want as de twa buorlju inoar einlik echt moetsje, begripe je fuortendaliks wat harren beweegt en hoe ’t it kin dat sokke ferskate persoanlikheden inoar úteinlik dochs berikke. En net allinnich dat, mar ek hoe’t se troch dy moeting wat mear fan harsels begrepen ha.

Bijke is in lyts, oandwaanlik drama yn in styl dy’t Oldenhofs hannelsmerk is. De regy fan Jos Thie en ek de spilers fan dizze beskieden twa-akter fiele dat perfekt oan en spylje sûnder falsk sentimint, mei in fleuchje humor en mei net te swier oansette earnst. In peareltsje.

HANS BRANS – Leeuwarder Courant fan 15 oktober.

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.