Premjêre hast útferkocht!

Wy binnen tige grutsk! De premjêre fan ‘It wie op in simmerjûn’ yn Theater Sneek op 16 jannewaris 2019 is hast útferkocht. Te let mei bestelle? De try-out yn Snits op 15 jannewaris 2019 is in goed alternatyf. Bestel hjir kaarten. Fan jannewaris oant en mei maart 2019 rûnom yn ‘e provinsje te sjen.

Pier21 siket frijwilligers

Mei de nije teaterfoarstelling ‘It wie op in simmerjûn’ reizget Pier21 troch de provinsje en dêrbûten yn de moannen jannewaris oant en mei maart 2019. Foar de merchandise stand, dy’t ek meireizget, siket Pier21 entûsjaste frijwilligers dy’t dizze stand om bar bemanne wolle. Ynteressearre? Stjoer in berjocht nei info@pier21.nl

Oprop

David Lelieveld is foar in bysonder projekt rondom 75 jier frijheid op syk nei Dútske soldaten dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch stasjonearre wiene yn Fryslân. Wolle jo David helpe? Mail dan nei david@pier21.nl

Pier21 dielt prizen út!

Nei oanlieding fan twa ferskillende winaksjes, hat Pier21 yn dizze feestlike moanne de winners thús besocht en de prizen útrikt. Der koene kaartjes foar it Natuermuseum Fryslân wûn wurde mei de winaksje ‘Kleur dyn eigen Kanoet’. Der wiene safolle moaie en fleurige Kanoets makke, dat it wie in putsje om in winner út te sykjen. Ta beslút is Rashel mei …