Kaarten

Muziek uit de voorstelling

Scan de qr-code en luister naar de muziek van Hiske Oosterwijk uit de voorstelling (NL/FRL)
In het onderstaande overzicht zijn de liedteksten uit de voorstelling opgenomen.

Oant de moarntiid sjongt

Ik bin it ûngemak
Wachtsjend oant it my pakt
’t Is in kwesje fan tiid
Efter it gniizjen, ik
wol net fertiizje yn it ljocht
De neare nacht yn my

Finzen, oerstjoer
De leechte rint oer
Ik bin allinne … hjir

Ik wol de moed, fiel
It stoarmjen troch myn liif
De dagen fleane út’e bocht
Fertelle dat it net
Goed giet, eefkes net.
Mislearje oant de moarntiid sjongt

It bin it ûngemak
Alles omklampe, ik
yn in waan fan op nij
Blik op ûneinich, ik
wol net te’nein, ferjit it ljocht
De neare nacht yn my

Finzen, oerstjoer
De leechte rint oer
Ik bin allinne … hjir

Ik wol de moed, fiel
Twa hannen op myn liif
Fertriet jout romte oan fertrout
Ik haw dy kwyt betocht
Ik wol dy needich no
Tegearre no’t de moarntiid sjongt

Noch hiel eefkes, hâld noch eefkes fêst
Noch hiel eefkes, woe noch eefkes west

Tegearre no’t de moarntiid sjongt

Mei it ljocht oan

Noch hiel eefkes

Mei ik dy noch eefkes?
Foardat ik dy…
Lit it los…
Mei ik dy noch eefkes?
Troch de beamen sjoch ik noch

Want sjoch ik oars as oars, dan eefkes, sjoch ik evenwicht
Mar stadichwei fedwynt it sicht.

Wist wa’t ik bin
Fangsto myn lûd
Sjochst my hjir stean
Of bliuwst yn in rûs

Fielst wat ik fiel
Folgest myn paad
Bin ik dyn thús
Of bliuwt allinnich myn fraach

Mei ik dy noch eefkes?
Foardatsto dy…
Lit it los…
Mei ik dei noch eefkes?
Want troch de beamen sjoch ik noch

En as’t by tiden oars as oars fielt, net as evenwicht
Yn stilte komt werom it sicht.

Wist wa’t ik bin
Fangsto myn lûd
Sjochst my hjir stean
Do yn dyn moed

Fielst wat ik fiel
Folgest myn paad
Ik bin dyn thús
’t is net allinnich myn fraach

Want sjoch ik oars as oars, dan eefkes, sjoch ik evenwicht

Hillich

Wêr leit it ferhaal yn my
Ûnferhaal ik of ferhaal ik dy
Libje ik foar en ûnderoare mysels foarby?
Mei ik eefkes allinnich?
Mei ik lyk as oaren?
Fleane yn my, yn evenwicht

Ik fiel my feilich, ferljochte, frij.
Ik fiel oprjocht as’k Maria wêze mei.
Al giet it foarby

Dan bin ik feilich, ferljochte, frij.
Ik bin oprjocht as’k Maria wêze mei.
Al giet it foarby

Wêr begjint it ein goed past?
Wetterticht of watterkâld de jas?
Wûnder ik bewûnder ûnder ik lykas
Mei ik eefkes ferdwale?
Mei ik lyk as oaren?
Ferdwale yn my, yn evenwicht

Ik fiel my feilich, ferljochte, frij.
Ik fiel oprsjocht as’k Maria wêze mei.
Al giet it foarby

Ik fiel my feilich, ferljochte, frij.
Ik fiel oprjocht as’k Maria wêze mei.
Al giet it foarby

Dan bin ik feilich, ferljochte, frij.
Ik bin oprjocht as’k Maria wêze mei.
Al giet it foarby

Feilich ik fiel my frij.
Hillich, ik bliuw by my.

Ik fiel my feilich, ferljochte, frij.
Ik fiel oprjocht as’k Maria wêze mei.
Al giet it foarby

Dan bin ik feilich, ferljochte, frij
Ik fiel my feilich as ik….

Feilich ik fiel my frij.
Hillich, ik bliuw by my.

Hâld dy fêst

Mei myn fuotten yn it griene gers.
Ik fiel dyn glimkje, krekt as juster wer.
‘t krûpt stadich by de rêch(e) del.
En it flústert lytse wurdzjes, ik krij pikefel

Kin dit noch eefkes bliuwe, ik
wol rinne oant de jûn him set, sa skaad. Ik glid
troch tinzen, stadich, stil en sêft
Mei myn fuotten yn it griene gers

Mei ik dit momint bewarje

Hâld dy fêst
Lit dy net los
Hâld dy fêst
Lit dy net los

Bysûnder do beweechst my mei
Ferjit ik wêr’t wêze moat, ik sweef by dy
troch tinzen, stadich, stil en sêft.
Hjir my dyn foutten yn it griene gers

Mei ik dit momint bewarje

Hâld dy fêst
Lit dy net los
Hâld dy fêst
Lit dy net los

Yn it each fan’e stoarm

Ik doch doch doch
Doch sa folle
Folle mear, mear
Foar in oar
altyd eart de oaren
Leech fan binnen
laitsje bûten
Leech fan binnen
laitsje bûten
Ik kin altyd laitsje laitsje
Ik kin altyd laitsje laitsje
Ik moat altyd laitsje laitsje

Ik fiel fiel fiel
fiel sa folle
folle mear
kin net mear
noch in kear
jimme bliid
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
jimme bliid
jimme bliid
laitsje, altyd laitsje laitsje
Ik moat altyd laitsje laitsje

Ik stel stel stel
net teloar
noait teloar
wol mysels
mar dat telt
net net net genôch
stel stel net teloar
noait teloar
wol mysels
laitsje laitsje
altyd laitsje laitsje
Ik moat altyd laitsje laitsje

Troch troch troch
eefkes trochsette
noch hiel eefkes trochsette
earst de oaren foar sette
jimme bliid
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
jimme bliid
jimme bliid
laitsje, altyd laitsje laitsje
Ik moat altyd laitsje laitsje

fertelle dat ’t net
goed giet eefkes net
Ik bin it ûngemak
wachtsjend oant it my pakt
Ik doch doch doch
Doch sa folle
Folle mear, mear
Foar in oar
altyd eart de oaren
Leech fan binnen
laitsje bûten
Ik moat altyd laitsje laitsje

Troch troch troch
eefkes trochsette
noch hiel eefkes trochsette
earst de oaren foar sette
jimme bliid
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren

Sjoch my hjir fallen
en weer op stean, laitsjede kop stean
laitsje laitsje laitsje laitsje laitsje

Noch hiel eefkes trochsette
earst de oaren foar sette
jimme bliid
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren
Altyd earst de oaren

en ik
en ik
en ik dan
en ik dan

Jimme bliid, ikke net
mar dat telt, net net
Jimme bliid ikke net
mar dat telt net net
net genôch
net genôch
net genôch
net genôch
net genôch
net genôch!

De See

Oant de knibbels yn it wetter
Stoarj’ ik nei de hoarizon
Sa fier fuort, iensum, ferlitten,
Dêr’t it dreamen oait begong

Oant de heupen yn it wetter
Stoarj’ ik nei de hoarizon
It ferline is lang ferlitten,
Dêr’t it dreamen oait begong

It is de see.
Ik far op har,
befjochtsje har,
it is de see.
Mar ûnder wetter is gjin azem.
It is de see.
Ik far op har,
befjochtsje har,
it is de see.
Mar ûnder wetter is gjin azem,
sûnder fragen nimt sy my mei.

Oant de skouders yn it wetter
Stoarje ik nei de hoarizon
‘k Fiel it tij stadich ferjitten
Dêr’t dreamen oait begong

It is de see.
Ik far op har,
besfjochtsje har,
it is de see.
Mar ûnder wetter is gjin azem.
It is de see.
ik far op har,
befjochtsje har,
it is de see.
Mar ûnder wetter is gjin azem,
sûnder fragen nimt sy my mei

Help

 

Sûnder wjukken 

As moarn him iepenjout.
Yn’e stilte fertrout.
Hjuster koe’k net lêze, koe’k net skruiwe,
‘k waard ûnrêstich, rekke út’e tiid.
Spytich

Dan begryp’k it paad net mear.
Lit my ferdwale, kear op kear.
En lang om let fersakje yn’e dagen,
alle fragen, weiwurden mei de tiid
Spytich

Sil ik stean,
en lit ik los?
Sjoch it oan.
Dêr is it ljocht
(’k) Wit wa’t ik bin.
Ik bin hjir noch.
Sil ik stean,
en lit ik los?

Moarn leit noch sa fier fuort.
Kinn’ ik de stilte rjocht troch?
Brek mei al it earme, lit my fiele,
lit my fleane, foarby de tiid
Frij my.

Sil ik stean,
en lit ik los.
Sjoch it oan.
Dêr is it ljocht.
(’k) Wit wa’t ik bin.
Ik bin hjir noch.
Sil ik stean,
en lit ik los?

Ik wekker.
Frij …
It fielt as sûnder wjukken, ik
bin sa licht, doch de eagen ticht.

Evenwicht

Troch die iene blik
ûndersteboven al ik skriuw
alles op hol, ’t is net te liuwen, dit bin ik
Sûnder ferwachting raas ik noch
Djip yn gedachten, praat ik ûndertroch

Krij ik alle kleuren fan ferlet, fan langst, fan liet
Dan mei de tiid

Beweech ik yn evenwicht
Beweech ik yn evenwicht

Foar itselde jild
Keapj’ ik in kulster fan ferkeard
Feiliche kust is der net mear
Wol ik dit?

Krij ik alle kleuren fan ferlet, fan langst, fan liet
Dan mei de tiid

Beweech ik yn evenwicht
Beweech ik yn evenwicht

Schrijf je in voor de nieuwsbrief
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.
Naam(Vereist)
Privacyoverzicht

Deze site maakt gebruik van cookies, zodat wij je de best mogelijke gebruikerservaring kunnen bieden. Cookie-informatie wordt opgeslagen in je browser en voert functies uit zoals het herkennen wanneer je terugkeert naar onze site en helpt ons team om te begrijpen welke delen van de site je het meest interessant en nuttig vindt.