Kaarten

Hiske ferliende mei leafde mantelsoarch, mar ta skea fan harsels

Door: Wendy Kennedy

Teäterselsskip Pier21 komt mei in nij stik oer mantelsoarch. ‘En ik dan?’ giet oer Floor dy’t altyd foar oaren klearstiet, oant se harsels ferliest. Haadrolspylster Hiske Oosterwijk jout mei it sjongen fan in liet alfêst in foarpriuwke fan it stik yn de meldkeamer fan Drachten. Allinnich in glêzen wân skiedt har fan de sintralisten yn de meldkeamer dy’t ûnderwilens allegearre 112-meldings binnen krije.
It is gjin tafal dat Oosterwijk krekt op dit plak sjongt. Want se spilet Floor, dy’t as sintralist wurket yn de meldkeamer. Floor stiet altyd foar oaren klear, moast eartiids altyd ynskikke fanwegen har broer dy’t ekstra soarch nedich hie. No’t har âlders ferstoarn binne, leit dy taak by har.As Oosterwijk klear is mei sjongen, is se dúdlik emosjonearre. Se hat persoanlik ûnderfining mei dit ûnderwerp. Dat is ek foar in part brûkt yn it stik. “Kinst sa’n nûmer thús oefenje, mar ast dan hjir bist, komt alles ynienen binnen. Ik haw al wat ynput oer myn personaazje, mar ek myn eigen achtergrûn.”Oosterwijk ferliende sels mantelsoarch. Se die it mei alle leafde, mar it giet úteinlik ta skea fan harsels.”Hoe soargest derfoar datst dysels net foarby rinst? Kinst sa graach helpe wolle, mar der sit in grins oan watst oankinst.”
“En dy keus is soms bêst lestich. Wannear kiest wol en wannear kiest net foar dysels? Ik hie te lang net foar mysels keazen.”
Terapy én it meitsjen fan muzyk hat har bot holpen. Har nije album ‘Evenwicht’ giet oer dizze lêstige perioade yn har libben. “Wat dat betreft wie it meitsjen fan dizze EP ek wol in soarte fan ferwurkingsproses.”
In oantal nûmers binne ek yn de foarstelling te hearren.

Foar it skriuwen fan it stik binne sintralisten ynterviewd. Ien fan harren is Helga de Groot út Sint Anne. Se is ferpleechkundich sintralist op de meldkeamer yn Drachten. It is in pittige baan yn tsjinst fan in oar.
“Der binne altyd meldings dy’t je bybliuwe, lykas mei berntsjes oant dy fan húslik geweld dy’t in soad ympakt hawwe.”
Se werkent dat in soad helpferlieners ek bûten wurktiid faak in helpende rol op harren nimme. Sels tinkt se yntusken better om har grinzen. “Dan tink ik: dêr is wer in seefûgel, dy’t op je skyt en wer fuort fladderet. Ik lit net alles mear by my komme.” “Al is dat by mantelsoarch faak oars. Hast net altyd de opsje om nee te sizzen.”

Schrijf je in voor de nieuwsbrief
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.
Privacyoverzicht

Deze site maakt gebruik van cookies, zodat wij je de best mogelijke gebruikerservaring kunnen bieden. Cookie-informatie wordt opgeslagen in je browser en voert functies uit zoals het herkennen wanneer je terugkeert naar onze site en helpt ons team om te begrijpen welke delen van de site je het meest interessant en nuttig vindt.