Benaud wêze is normaal en dat mei, mar wês net laf. Dat is it boadskip dat de soannen fan de famylje Bakker út Bûtenpost yn de Twadde Wrâldoarloch meikrigen. Se groeiden út ta moedige fersetsstriders.
De bruorren kamen út in Frysk grifformearde húshâlding en guon fan harren wiene homoseksueel. Thús waard hiel iepen praat oer harren aard. “Dat was heel bijzonder voor die tijd”, seit âld-sjoernaliste Toni Boumans. Boumans kaam de bysûndere famyljeskiednis op it spoar doe’t se har ferdjippe yn fersetsstrider Sjoerd Bakker, ien fan de bruorren.