Kaarten
Resinsje De Emigrant: In foarstelling fan formaat
Fotografie: Natalia Balanina

Jawol, Freark Smink docht it wer. Syn oertsjûgingskrêft op it poadium, fan oerweldigjend grut oant teder lyts, tilt ‘De Emigrant’ op ta in foarstelling fan formaat. It jubileumstik fan Pier21 as in feestje foar it selskip, mar boppedat in traktaasje foar it publyk. In noflike teäterjûn fol humor én emoasje.

Tsien jier lyn alwer. David Lelieveld, teätertechnikus doe by ûnder oare Tryater, rjochte tegearre mei akteur Theo Smedes Stichting Pier21 op. In teäterinisjatyf mei as doel om bysûndere foarstellingen oer aktuele tema’s te meitsjen.

Romke Toering waard frege oft hy as earste foarstelling in toanieltekst skriuwe woe oer emigraasje. ‘De Emigrant’, mei yn de haadrol Freark Smink, waard doe mei leafst 20.000 besikers in grut sukses.

Hjoed-de-dei is Pier21 net mear fuort te tinken út it kulturele oanbod yn Fryslân. Mei mear as alve suksesfolle foarstellings en (ynternasjonale) projekten hat it selskip syn besteansrocht dûbeld en dwers bewiisd.

Snorke

Ta eare fan it tsienjierrich bestean wurdt ‘De Emigrant’ no op ‘e nij ferteld. Nei it orizjinele ferhaal fan Toering, mar no regissearre troch Jos Thie. En njonken Freark Smink en Theo Smedes no ek mei Amin Ait Bihi út Ljouwert op it poadium. Hy spilet in Fryske sjoernalist fan Marokkaanske komôf. En docht dat as soan fan in gastarbeider folslein naturel. Wat in geweldige set!

Ommers, yn de oarspronklike ferzje naam Theo Smedes njonken alle oare typkes, ek dizze rol noch foar syn rekken. Mei in swart prúkje op en in stereotyp snorke ûnder de noas.

Mar tiden hawwe tiden. En Pier21 hat mei de foarstelling ‘Un dia nobo’ koartlyn sjen litten him bewust te wêzen fan de nije noarmen. In terjochte oanpassing, dy’t de foarstelling boppedat kompleter makket. Riker ek.

De foarstelling sels is oars noch like aktueel. Sjoch mar it grutte tal minsken dat just no om hokker reden dan ek in nij wenplak siket. In goed hinnekommen foar in better bestean. Emigrearjen is fan alle tiden.

Bygelyks yn de sechtiger en santiger jierren fan de foarige iuw doe’t in bulte Friezen de oerstek makken nei Amearika. Sa ek Sybolt de Haas, sa as ik al sei formidabel spile troch Freark Smink.

Sybolt is tweintich jier as er, sûnder dat syn mem it wit, ôfset nei Kanada. Thús op de pleats is der gjin plak, der binne twa jonges yn ‘e húshâlding en de âldste nimt automatysk it plak fan heit yn. Ta argewaasje fan Sybolt dy’t no twongen leanwurker wurdt. As hy dan ek nochris net trouwe kin mei de leafde fan syn libben, nimt er de flecht nei in oare takomst. It is de earste spegel dy’t it publyk foarholden wurdt: reizget de emigrant om earne hinne te gean of giet er fuort om krekt wat achter him te litten?

Hawar, yn Kanada krijt Sybolt earst wurk yn ‘e tabak. Mei it fertsjinne jild begjint er in hinnebuorkerij. It smyt genôch jild op om in eigen buorkerij op te setten. Mei sukses. Hy wurdt in man yn boanus. Mei in frou en in soan laket it lok him ta. Al is dat lok wol mei ûnwennigens betelle. Want al soe er wolle, werom nei Fryslân doart hy net. Stel je foar dat er Fryslân sa moai fynt dat er net mear werom wolle soe.

Pas as er tachtich is, nimt er it beslút om dochs werom te gean nei Fryslân. Neffens de lêste winsk fan syn frou, dy’t yntusken ferstoarn is. Om yn it reine te kommen mei syn ferline. Hy hat syn twivels oft syn soan salang it boerebedriuw wol oerein hâlde kin. En sa wurdt de reis nei syn roots yn de Greidhoeke fan Fryslân op alle flakken konfrontearjend.

Werom yn Fryslân wurdt de foarstelling hieltyd mear in soarte fan epysk teäter. Mei Freark Smink as rasferteller. Mei alle fasetten fan syn toanieltalint wit hy de taskôger letterlik by him oan ‘e keukenstafel te krijen.

Smink fertelt en it publyk harket, laket en lit no en dan in trien. Om de mem, dy’t er yn ‘e steek litten hat. De fersteurde ferhâlding mei syn broer. En dan is er noch de leafde fan syn libben. Dy’t er yn Fryslân achterlitte moast, mar foar ivich in plak yn syn hert jûn hat.

Skoft

Moai hoe’t alles dan gearfette wurdt yn it ynterview mei de sjoernalist fan Groot Sneek. Berne yn Ljouwert as soan fan Marokkaanske âlden, dy’t as gastarbeiders nei Fryslân komme binne. Moai hoe’t it publyk dan op ‘e nij in spegel foarholden wurdt: wa hat it measte rjocht om him in Fries te fielen?

Moai ek hoe’t de problemen fan Marokkaanske ymmigranten yn Nederlân njonken dy fan de Friezen yn Kanada pleatst wurde, sûnder dat dit ta polityk korrekt moralisme liedt. Mar dêr sit ‘m tagelyk ek de ‘crux’. Want it bliuwt by in noflik petear mei begryp foar beide kanten. Moai fansels. Sa soe it ek moatte. Spitigernôch leart it wurklike libben ús oars en wurdt de kontroverze tusken de minskerassen hieltyd ekstremer en gewelddiediger.

Faaks hie ik yn dizze sêne krekt wat mear fan dy realiteit weromfine wollen. No kaam in waarme hândruk ta einbeslút en hie dêrmei ek in weardich ein fan it toanielstik wêze kinnen. Mar nee, it wie skoft. Skoft? Ja, eins in hinderlike ûnderbrekking fan wat noch komme sil. En wat soe dat noch wêze kinne. Wie hjirmei eins net alles al ferteld?

Dat wie lykwols net goed ynskat. Wat nei de kofje folge, wie yndied in essinsjele tafoeging. As Sybolt der achterkomt dat der wat bard is doe’t er fuortgie, dat er noait witten hat, mar wat him no noch achterfolget. Emoasje slacht foar master op.

Kompleminten foar Theo Smedes, dy’t dan de rol fan de broer fan Sybolt foar syn rekken nimt. As je dan as akteur, sminkt as âlde man, je steande hâlde kinne tsjinoer it naturelle fakmanskip fan Smink, fertsjinnet dat alle lof.

Kroan

Wol wer spitich is dan in telefoanpetear, dat oan de leauweardichheid fan alle yntime sieleroersels ôfbreuk docht. En ek wat dan yn rap tempo bart, komt net echt oannimlik oer.

Hawar, ‘De Emigrant bliuwt in moaie en ûnderhâldende foarstelling, wêrfoar’t de skriuwer Romke Toering dizze premjêrejûn in grut bosk blommen en in tankber applaus yn ûntfangst nimme mocht. Terjochte. De jubileumfoarstelling fan Pier21 is in kroan op it teäteroeuvre fan it selskip oant no ta.

Tekst: Henk te Biesebeek
Foto: Natalia Balanina
Gepubliceerd in: Omrop Fryslân
Gepubliceerd op: 10 november 2023

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.