Ferhaal
It ferhaal mei dan oanpast wêze, hjir wat skrast dêr der wat bij. Mar it wie en is it skript fan masterferteller Romke Toering. Allinne is Jos Thie no de regisseur, wylst Toering it yn 2013 noch wie.
‘De Emigrant’ fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in emigrant, dy’t sechstich jier lyn haljetrawalje nei Kanada emigrearre. In ferlerne leafde is de grutste reden om de oerstek te meitsjen. Dêr yn Kanada bout Sybolt de Haas in goedrinnend boerebedriuw op. Yn al dy jierren giet Sybolt net werom nei Fryslân. Mar syn sizzen ‘ik ha myn hiele libben ûnwennich west’, seit in soad, sa net alles. Nei 60 jier giet Sybolt dochs nei Fryslân werom. Hij makket de belofte oan syn twa jier lyn ferstoarne frou dêrmei wier. Syn frou dy’t fiif jier lyn mei harren soan Klaas oars al yn Fryslân west hat, tidens Kulturele Haadstêd. It is ien en al dramatyk.
De libbenslange wrakseling fan wa’t hij eins is as emigrant spilet net swak bij. De reis werom nei Fryslân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend. It fuortgean is hast identyk oan seschtich jier lyn. Konfrontearjend is allyksa it petear dat er mei in sjoernalist fan GrootSneek hat. Dy konfrontaazje tusken in Fryske emi- en in Marokkaanse ymmigrant, dy’t beide wrakselje tusken twa wrâlden jout djipgong oan it stik. Binne se beide net geloksikers? Hoe aktueel is dy fraach!
At Sybolt yn Fryslân werom is wurdt hij op’e nij konfrontearre mei syn ferline. It wie sechstich jier lyn net allinne de ferlerne leafde dy’t oanlieding wie om nei Kanada te emigrearjen, it wie ek de komplisearre ferhâlding tusken him en syn broer Klaas. Allemachtech wat kinne dy mannen flokke, it gvd wurdt bij harren in stopwurd. It skynt dat ynwenners fan Easterlittens en Baard as eksters flokke kinne!
Nei de konfrontaazje mei it ferline wurdt Sybolt de Haas nochris konfrontearre met de winsk fan soan Willem dy’t de omkearde reis fan syn heit meitsje wol: Werom nei Fryslân.
Sybolt is der dan nei 60 jier(!) achter kaam dat syn eigen âld-doarpsgenoaten en famylje him besoademitere ha en net sa sunich ek. Net te leauwen, mar troch de oerstjûging wermeit de Emigrant ut fertelt moat syn públyk it wol leauwe.
In fenominaal moai stik, spile troch Freark Smink, Theo Smedes én Amin Ait Bihi dy’t alle trije in fin mear as in bears ha. De komposysjes en muzyk fan Clara Rullmann, foegje ek nochris wat ta oan dizze ymponearjende foarstelling.