Mei akteur en toanielskriuwer Freark Smink troch Sondel rinne, dat is in tocht troch it ferline. It is it doarp dêr’t er hikke en tein is. Mar dochs is dat ferline foar him net fier fuort.
Yn syn lêste foarstelling Wat soesto! sitte in soad autobiografyske eleminten. De haadpersoan hat in muoisume relaasje mei syn heit. Dat hie Freark ek. Freark is de âldste soan yn in húshâlding fan njoggen bern en waard berne op 28 maart 1948. Hy kaam út in ortodoks herfoarme húshâlding. Twa kear sneins gie de famylje nei it lytse tsjerkje midden yn it doarp. “Ik móast derhinne”, seit Smink dêroer. “Letter haw ik der wol foar soarge dat ik der net wer kaam. Ik kin net safolle yn ‘e tsjerke fine. Net dat ik net leau, hear: ik haw myn eigen tinken wol en myn eigen ferwûndering dy’t ik yn bûsen fol mei mysels meidraach. Mar ik kom noait yn tsjerke. “Tusken it âldste en jongste bern yn de húshâlding siet wol tweintich jier. Smink waard noch berne yn de bedstee. “Op in sneintemiddei om 16.00 oere. Ik bin in sneinsbern.”