Kaarten
Pier21 bestiet 10 jier, mar is noch lang net klear

“It fielt as binne wy pas krekt begûn.”

Op 16 maart 2013 gie De Emigrant yn premjêre, de earste foarstelling fan Pier21. Nei 10 jier en 15 produksjes is Pier21 net mear fuort te tinken út it Fryske teaterlânskip. Dit is op 16 maart 2023 feestlik fiert yn Theater De Koornbeurs, itselde plak wer De Emigrant doetiids yn premjêre gien is. Tegearre mei al de minsken dy ’t Pier21 holpen hawwe yn de ôfrûne 10 jier.

Ek gie ús koarte film yn premjêre, dy kinst hjir besjen.

Mei optredens fan Freark Smink, Yuli Minguel, Hiske Oosterwijk, Sytse Pruiksma, Theunis Piersma en Theo Smedes hawwe wy in bysûndere jûn hân.

Tagelyk mei dizze fiering is der ek in foarpriuwke jûn fan de foarstellingen yn 2023. Yn 2023 makket Pier21 mar leafst 6 produksjes troch hiel Fryslân, Nederlân en dêrbûten.

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.