Kaarten
Ynterview oer Pier21 yn de Moanne

Teäter nei de doarpen ta

Selskip Pier21 roait it mei subsydzjes en in protte besikers

Hoe slagget it om yn Fryslân kultuer op de planken te bringen? Der binne jildstreamen nedich foar kultuerproduksjes, want foar de makkers kin it net allinnich leafdewurk wêze. Mar kom dêr mar ris by. It teäterselskip Pier21 docht it op in eigen wize.

‘De minsken hawwe nocht om de sinnen te fersetten’, merkt David Lelieveld. Foar de kreatyf produsint fan Pier21 is it sukses fan Bijke in geweldige opstekker en foar saaklik lieder Maaike Beckers al krekt sa. Hja kinne efkes rommer sykhelje nei it lavearjen yn de ôfrûne twa corona-jierren. ‘De teäters merke it foaral. It publyk is wat ôfwachtsjend, of foarsichtich, wy witte net krekt wat it is.’

Yn in tiid wêryn’t alles wer in bytsje gewoan wurden is, hat it teäterselskip Pier21 Bijke op de planken. It binne hast allinnich mar útferkochte sealen. De reaksjes en resinsjes binne loovjend oer it spyljen fan Theun Plantinga en Joke Tjalsma, mei in glânsrol foar har hûn Bobby. Der is safolle flecht op ’e koai, dat der no ek yn jannewaris fan it nije jier rûnom yn Fryslân ekstra spile wurdt. Mei harren foarstellings en projekten wol Pier21 maatskiplike tema’s op de planken bringe. Sa hawwe skriuwer Bouke Oldenhof en regisseur Jos Thie ek de piper en it sâlt bean foar Bijke, troch alderhande saken op te pikken dêr’t minsken mei wrakselje of dêr’t sy it mei- inoar oer hawwe moatte soene. Bijke giet oer iensumens. ‘Dochs is it in stik mei hoop’, fertelt Maaike Beckers. ‘Minsken kinne deroer neitinke, deroer prate en der in goed gefoel oan oerhâlde.’

Pier21 bringt de kultuer nei de minsken, it publyk hoecht net perfoarst nei de fiif grutte Fryske teäters. Dat is in gouden formule. Mei Wat Soesto!, Feteranen en It wie op in simmerjûn ha se al earder bewiisd op sa’n wize in grut publyk berikke te kinnen. Ek de produksje Bijke siket de doarpen op om toaniel ûnderde minsken te krijen. Dat dêrfandinne hawwe ek De Terpring yn Brantgum en Piers’ Stee yn Kimswert prachtich teäter yn ’e hûs.

‘De doarpen helpe ús mei publyk, mar oarsom jildt it ek’, fynt David Lelieveld. ‘Mei ús marketing en reklame bringe wy publyk nei it doarpshûs. Ek soargje wy foar flyers yn de doarpen.’ Sa wasket de iene hân de oare, mei as resultaat dat de sealen fol sitte en de winterjûnenocht út mear bestiet as it toanielstik fan de eigen feriening. ‘Dit is it resept fan de ôfrûne tsien jier en dat fan de kommende jierren.’

Dryst aventoer

At yn 2012 de sinten op binne by it selskip Tryater en de teätertechnikus David Lelieveld sûnder wurk komt te sitten, giet hy in dryst aventoer oan. Yn ’e mande mei Theo Smedes, Freark Smink en Romke Toering makket er it teäterstik De Emigrant. It wurdt in grut sukses, mei mear as tweintichtûzen besikers. It teäterselskip Pier21 is troch dy foarstelling foar altyd ferbûn mei Kanada. It hat dêr ek de namme liend, nammentlik dy fan de pier yn Halifax dêr’t yn de foarige iuw de emigranten út it Heitelân de earste stappen yn de frjemdte setten. Ek Pier21 hat úteinlik nei Kanada west, om dêr De Emigrant te spyljen.

Oare jier, 2023, is der it tsienjierrich jubileum fan Pier21. Fan syn beslút doedestiids hat David Lelieveld gjin spyt: ‘Wat in frijheid.’ It teäterselskip hat him bewiisd: ‘Wy meitsje toaniel foar de minsken, net foar lege sealen.’ It binne aktuele tema’s en dy binne faak ek tiidleas. Moai dus om it iene en it oare oanelkoar te ferbinen: De Emigrant komt yn it jubileumjier yn in nije jas wer op de planken, mei opnij Theo Smedes en Freark Smink yn harren rollen.

Der is in grutte groep sterke minsken sammele dy’t soargje foar yn it each springende foarstellings. Freark Smink hat in pear jier de boer op west mei it troch himsels skreaune en mei Klaasje Postma spile teäterstik Wat Soesto! It aktuele tema fan it feroarjende boerelibben op it plattelân levere oant de ein fan de lange rige spyldata útferkochte sealen op en al mei al mear as achttjintûzen besikers. De grinzen fan Fryslân of fan it Fryske taalgebiet binne ek gjin beheining. Yn it kommende jier hat dy teäterproduksje in Hollânsktalige ferzje: Boer ben ik. Selde spilers, mar yn teäters yn foaral Noard-Hollân. Ek yn Grinslân en ien yn Fryslân. Ek dat stik giet nei it bûtenlân. Nei Italië, om dêr yn 2023 spile te wurden yn de Friûlyske streektaal, dy’t troch sa’n 700.000 minsken sprutsen wurdt yn de regio boppe Venetië. David Lelieveld hat it oer ‘Wy gean nei Italië.’ Feitliken is it in kreaasje yn oparbeidzjen mei foaral begelieding en advys op ôfstân. By eintsjebeslút reizgje Freark Smink en Jos Thie ôf om te helpen by it slypjen oan dy Friûlyske ferzje.

It is fansels moai dat soks slagget’, fynt Maaike Beckers. ‘Us teäterproduksjes foar Fryslân hawwe sokke goede tema’s dat se ek ynternasjonaal kinne. It binne universele ferhalen.’ It bûtenlân lûkt oan David Lelieveld. Hieltyd wer. Sibearië soe, mar no is it Afrika. Nei Mauritanië om krekt te wêzen, dêr wêr’t de mientsen (kanoeten) fan de Waadsee en de skriezen fan it Fryske lân binne. ‘It binne ús ferhalen.’

Bûter yn de brij

Hoe slagget it Pier21 om ien fan de kulturele ankers yn Fryslân te bliuwen? It selskip hat fan de provinsje in stik bûter yn de brij mei oant en mei 2024 jierliks 250.000 euro finansiering. ‘Dat biedt in solide basis. Soks jout rêst en de mooglikheden om foarút te sjen’, leit Maaike Beckers út. Fierders is der gjin oare Fryske kultuerynstelling dy’t sa faak in subsydzje krijt fan it Fonds voor de Podiumkunsten. Kwaliteit is foar dat fûns foaral in kritearium. ‘Dat is goed, want kwaliteit en aktuele tema’s binne nedich foar folle sealen.’

‘Us sukses is foaral at in produksje de minsken rekket, at it wat mei harren docht’, follet Lelieveld oan. ‘En ja, it tal besikers is wichtich. Wy binne foar seker de helte ôfhinklik fan ynkomsten fan publyk.’ Hy hopet yn de takomst ek de stipe te hawwen fan in grut tal Pier21 Partners, bedriuwen en organisaasjes dy’t ek finansjeel in bydrage leverje. No wurde der foar nije produksjes al wol ferbiningen lein, lykas mei GGZ Friesland by de opset fan Bijke, en fierders is der gearwurking mei de Fryske biblioteken. De nije bernefoarstelling Benno ” dy’t oare jier hjerst rinne sil – is in ko-produksje. ‘Oer de slak!’ ropt Maaike Beckers optein. ‘It wurdt in skoalopera, dat is wat nijs. De earste reaksjes binne fantastysk.’

Der is ynspiraasje genôch. En oars binne dat wol de hûnderten ferhalefertellers dy’t elk jier op útnûging fan Pier21 rûnom yn Fryslân harren siel bleatjouwe. ‘Alle ideeën hingje yn ’e loft, wy pakke der hjir en dêr ien út’, fertelt David Lelieveld. ‘Sa is it mei Bijke ek gien. It tema is ús oanrikt troch in besiker op ien fan ús spyljûnen. Soks ha wy nedich.’

 

Skreaun troch Bert de Jong.

Blijf op de hoogte