Kaarten
Freark en Klaasje winne De Gratama!

Freark en Klaasje winne De Gratama!

Juster wie de útrikking fan De Gratama yn De Lawei yn Drachten. Dizze kultuerpriis is yn it foarste plak bedoeld ta bekroaning fan in oeuvre of rige fan aktiviteiten dy ’t foar Fryslân fan grutte kultuer-maatskiplike betsjutting binne. Dizze kear giet De Gratama nei `ús’ Freark Smink en Klaasje Postma, “twa minsken dy ’t op it toaniel de deistige dingen sadanich ynkleurje, dat je as publyk in bytsje riker nei hûs ta gean”, sa seit de sjuery.

Freark en Klaasje stiene yn har lange karriêre as spilers op it toaniel, yn klassike produksjes fan Ibsen, Tsjechov en Shakespeare, wiene te sjen yn telefyzje – en filmrollen en hawwe sa yn ‘e rin fan ‘e jierren in grut publyk oan har bûn. Tagonklik troch it brûken fan de Fryske taal en werkenbere ûnderwerpen, mei each foar de Fryske kultuer en histoarje. Freark berikte in jong publyk mei de bernesearje Sybe Satellyt, wylst Klaasje mei it troch har skreaune stik Rolling Home soarge hat dat elkenien yn Fryslân wit dat der 4 gehakbaltsjes yn elke kop grientesop hearre….

Eardere winners fan De Gratama binne: Rients Gratama, Jos Thie, Peter Tuinman, Jan de Haan, Rutger Hauer, Grietine Molenbuur, Klaas van der Woude en Jan Ketelaar.

Op dit stuit spylje Freark en Klaasje yn Wat Soesto! Wat Soesto! is in ynkringend portret oer in boer yn in bysûndere famylje. In foarstelling basearre op eigen ûnderfiningen út it ferline.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de foarstelling op pier21.nl

 

Freark en Klaasje winnen De Gratama!

Gisteren was de uitreiking van De Gratama in de Lawei in Drachten. Deze cultuurprijs is in de eerste plaats bedoeld ter bekroning van een oeuvre of reeks van activiteiten die voor Fryslân van grote cultuur-maatschappelijke betekenis zijn. Deze keer gaat De Gratama naar ‘onze’ Freark Smink en Klaasje Postma, “twee mensen die op het toneel de dagelijkse dingen zodanig inkleuren, dat je als publiek een beetje rijker naar huis gaat”, aldus de jury. 

Zij stonden in hun lange carrière als spelers op het toneel, in klassieke producties van Ibsen, Tsjechov en Shakespeare, waren te zien in televisie- en filmrollen en hebben zo in de loop der jaren een groot publiek aan zich gebonden. Toegankelijk door de vele stukken in de Friese taal, over herkenbare onderwerpen, met oog voor de Friese cultuur en historie. Freark bereikte een jong publiek met de kinderserie Sybe Satellyt, terwijl Klaasje met het door haar geschreven stuk Rolling Home heeft veroorzaakt dat iedereen in Friesland weet dat er 4 gehaktballetjes in elke kop groentesoep horen…. 

Eerdere winnaars van de Gratama zijn: Rients Gratama, Jos Thie, Peter Tuinman, Jan de Haan, Rutger Hauer, Grietine Molenbuur, Klaas van der Woude en Jan Ketelaar. 

Op dit moment spelen Freark en Klaasje in Wat Soesto!. Wat Soesto! is een indringend portret over een hedendaagse boer in een bijzondere familie. Een voorstelling gebaseerd op eigen ervaringen uit het verleden. 

Kijk voor meer informatie over de voorstelling op pier21.nl

 

Blijf op de hoogte
Naam(Vereist)
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.