Râneprogrammearring ‘De Laatste Dans’

De Fryske Biblioteken organissearje op snein 24 maart yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean in matinee oer it tema ‘foltôge libben’. Tidens dizze middei binne der ferskate sprekkers mei ynspirearjende ferhalen oanwêzich om minsken oan it tinken te setten oer dit tema. De middei, begelaat troch sjoernaliste Barbara van Beukering, begjint mei it ferhaal fan Hedy d’Ancona. Sy fertelt oer it fitaal trochbringen fan dyn lêste libbensfase. …