Ynterview LC: ,,Minsken ha behoefte oan ferhalen, oan toaniel. Dat jout krêft”

David Lelieveld: ,,Kinst de kop hingje litte, mar kinst ek de skouders ophelje. Ik ha ek in prachtich team om my hinne. Kom, efkes neitinke meiïnoar. Sykje.” FOTO NIELS WESTRA

Leeuwarder Courant | interview door Jacob Haagsma

Freedtejûn soe de foarstelling Wat soesto! yn premjêre gean, it heal autobiogafyske stik fan en mei Freark Smink oer it boerelibben. Mar ja, koroana… In útdaging foar teaterprodusint David Lelieveld, dy’t hast sels boer wurden wie.

It moaiste fan it buorkjen? Foar David Lelieveld (39) út Tytsjerk wie dat: nei melkerstiid de kij fuorje. ,,In oere as acht moarns. It melken is dien, hast al in protte dien, mar de dei begjint krekt, de kij binne tefreden, in moai momint. Soargje foar de bisten.”

It hie net folle skeeld of David Lelieveld, gjin boeresoan en fan hús út net iens Frysktalich, wie boer wurden. Mar it waard de kultuer, it fak fan teäterprodusint. Mei syn Stichting Pier21 is hy in relatyf nije spiler yn de Fryske teäterwrâld. Dat sette hy op mei De emigrant , doe ek al mei Freark Smink. Se brochten de foarstelling nei de Fryske emigranten yn Kanada, en hy neamde syn ûndernimming nei de pier yn de haven fan Halifax dêr’t sokke emigranten dan oankamen.

Oardel meter

Smi nk is de skriuwer én de haadrolspiler fan Wat soesto ! Opskood, earst mar foar fjouwer wiken. Lykas de Ferhalejûn fan 6 novimber: ek al in Pier21-aktiviteit. Wat Soesto! yn teaters en doarpshuzen foar 30 man: ,,Dat kin net.” Dy foarstelling wie oars al úttocht op oardel meter. ,,Mar no binne de regels oanpast, en dus ha wy in probleem. No moatte wy ôfwachtsje wat de romte wurdt. Miskien kinne wy ús toernee wol wer oppakke, of wy moatte wer omtinke. Dat wit ik noch net.” Takom tiisdei is er ommers wer in parsekonferinsje.  

It is aaklik, soks, mar it leit him ek wol wer. Dêr is er produsint foar. ,,It bliuwt swabberjen”, seit er, ,,dit is de romte dêr’t yn swabbere wurde kin, dat dêryn moat ik tinke. Dat heart derby, dat is myn wurk. Wat kin wol binnen de regels, wat kinne wy trochprate, en lobbye?”

It is syn wurk en dat fan oaren. ,,Mar it ferlet is der ek. By it publyk, mar ek by de doarpshuzen en de teäters. Dy krachten, dat wolst net leauwe, mar dat fyn ik sa geweldich. Minsken wolle der hinne, dy ha ferlet oan ferhalen, oan toaniel. Dat jout wol krêft.” Dêrom, ik sit hjir net tsjinoer immen mei hingjende skouders. ,,Hoe wie it ek al wer? Kinst de kop hingje litte, mar kinst ek de skouders ophelje. Ik ha ek in prachtich team om my hinne. Kom, efkes neitinke mei-inoar. Sykje.”

Buorfrou

Hy brin gt graach stikken dy’t werkenber binne foar it Fryske publyk. Nim It wie op in simmerjûn , de suksesfoarstelling oer ‘voltooid leven’. ,,Earst tinke de minsken: dat is swier, dat giet oer de dea, dêr gean ik net hinne. Mar as de buorfrou der west hat, en dy fynt it geweldich, dan reitsje se benijd. En dan wurdt it balsem foar de siel.” En dan komt it op planning oan. Hy hat in grutte kaart fan Fryslân, ,,dan geane wy earst nei Sondel, dan nei in oare hoeke fan Fryslân, en dan nei Balk. En dan sjochst: as Sondel west hat, is Balk trije dagen letter útferkocht.”

Der is ferlet, Lelieveld is der wis fan, oan soksoarte foarstellingen, mei problemen en dilemma’s dêr’t it Fryske publyk ek mei te krijen hat. Dat jildt ek foar Wat soesto! , wêryn Freark Smink krûpt yn de hûd fan de boer dy’t er, as âldste boeresoan, einliks wurde moatten hie.

,,Ik bin gjin boeresoan”, seit Lelieveld, ,,mar ik ha wol altiten ûnder de kij hongen. En yn dy foarstelling hear ik allegearre lytse dinkjes, dêr’t ik my mei identifisearje kin. Hy is de boer. En doe’t ik de kij molk, wie ik ek de boer. Mar as de boer kaam, dan net mear. Dan wie hy de baas. No, dat gefoel, dat bringt er perfekt oer.”

Ynje

Lelieveld : it is net echt de namme fan in boerelaach. Syn heit kaam fan De Haach, hy kaam nei Fryslân fanwegen in baan by de loftmacht. Syn mem is berne yn Ljouwert, mar har mem kaam fan Wenen en har heit fan Jakarta. Ynje dus. ,,Ik bin oan it útsykjen hoe’t dat krekt sit.” Hy is fiere famylje fan sjonger Blaudzun, eins Johannes Sigmond en ek in Indo. ,,Us mem is ek in Sigmond.”

Hy groeide op yn Hurdegaryp en kaam telâne op de pleats fan in freon fan syn broer. Earst boartsje, doe kij melke, mjukse, ,,alles.” It boerewurk sloech oan by de jonge David, dy’t sels nei de lânbouskoalle (AOC) gie. Hy rûn in heal jier staazje yn Ingelân en wurke dêrnei jierren in pear wiken yn de simmer by in boer yn Denemarken.

It hie net folle skeeld of hy wie sels boer wurden. Hy krige yn Denemarken in pear kear de kâns om bedriuwslieder op in pleats te wurden en letter, doe’t er mei Freark Smink en De emigrant yn Kanada wie, nochris. ,,Mar it waard him net. Ik woe wol pioniere yn dat prachtige lân, ik tocht: se komme hjir mar, ik gean net wer werom. Mar myn freondinne woe de stap eins net sette.”

En doe betocht er dit. ,,Ast yn in oar lân bist, hearst faak hoe moai as Fryslân eins is. Dus ik woe hjir eins ek net wei. Mar de emoasje dy’t derby heart, it pionierjen fan dy emigranten, dat stiet wol hiel ticht by my.”

Ferpoffe

Yn de tuskentiid siet er ek al in skoft op it kulturele spoar. Hy die de mbo-oplieding Pop en Media, wie op in paad mei Piter Wilkens en Ernst Langhout, wurke as technikus by Tryater – dêr’t er, grutbrocht yn it Nederlânsk, it Frysk pas echt brûken learde. ,,Ik hie it eins al leard op dy pleats yn Hurdegaryp, mar as se my dan fregen oft ik it ek prate, sei ik: ik ferpof it. Wol op syn Frysk, ja.”

De oerienkomsten tusken buorkje en teäterfoarstellingen produsearje lizze foar de hân. ,,Buorkje is hurd wurkje, lange dagen meitsje, net folle fertsjinje. No wurkje ik noch hurder en fertsjinje ik noch minder.”

Sa makket er foarstellingen, oer boeren, oer Fryslân. As produsint, dus net as regisseur of skriuwer. En dochs hat er ynbring. ,,Ik wol graach in foarstelling meitsje oer Kneppelfreed en dêr binne wy no oer yn oerlis mei it artistike team. Dat giet fansels oer de Fryske taal en de rjochtspraak, mar it is ek begûn by in boer.”

Hoe’t dy foarstelling der útsjen sil, sels wit er it fansels ek noch net. Dêr moat syn artistike ried, mei ûnder oaren Jos Thie, Bouke Oldenhof en Karin Netten, ek noch oer gear. Mar: ,,Hoe moai is it om in ferhaal te fertellen oer doe, dat wy dochs ynsjoch krije yn wat der no bart? It giet oer no, oer identiteit. Dyn ôfkomst, Black Lives Matter, it spilet no. Wat sille wy meitsje?”

Dutchie

Ma r hy is al langer, al sûnt foardat Black Lives Matter spile, oan de gong mei in projekt oer krekt dit tema. ,,Dat giet oer: wat is dyn komôf? Ik bin ek in Fries, ik bin hjir berne. Mar myn roots lizze earne oars, ek yn Ynje. Wat foar ferhalen hingje dêroan? Wa bin ik, hjir en no, yn Fryslân? Dat is ek sa mei emigranten, dy nimme in stikje Fryslân mei. En sjochst it by minsken dy’t hjir hinne komme. Dat fyn ik hiel nijsgjirrich. Hoe sit dat no, wat fine wy derfan?”

Hy prate yn Kanada mei in achtste-generaasje-immigrant, ,,in Dutchie . Dy wie bang foar de Sinezen. Mar ik tocht: ja, mar hoe siet it mei de Yndianen, fjouwer iuwen lyn? En mei de Nederlanners yn Ynje? Yn Rwanda moarden de Hutu’s en de Tutsi’s inoar út, noch net lang lyn. Mar dy identiteit wie in konstruksje fan de Belgen. De blanke, de Europeaan. Dus wat ha wy dien, en wat roppe wy no oer de minsken dy’t hjirhinne komme?”

De minske draacht de skiednis yn him en nimt dy mei, de wrâld oer. De Dútske pake fan syn freondinne wie soldaat yn de Twadde Wrâldkriich. Syn eigen Eastenrykse âldomke, koartlyn ferstoarn op 100-jierrige leeftiid, focht mei de Dútsers tsjin de Russen op de Kaukasus.

Syn suster, Lelieveld syn beppe, siet mei syn tante yn kamp Tjideng yn Ynje. Har man, Lelieveld syn pake, siet finzen yn Japan, as KNIL-soldaat, en seach dêr de atoombom fallen.

,,Sa sjochst hoe’t de linen oer de wrâld rinne en hoe’t dy de minsken yn Fryslân reitsje.” Want sa is it dochs: ,,Mei Pier21 meitsje wy ferhalen fan Friezen yn kontakt mei de rest fan de wrâld.”

In produsint bringt sokke dingen byinoar. Nim no Wat soesto! ,,Ik wist dat Freark in stik oer boeren oan it skriuwen wie, dat ik sei: praat ris mei Bouke Oldenhof. En helje Jos Thie derby. Hjir ûntstiet wat, dêr ûntstiet wat. Bist allegearre skeakels yn in ketting. Ik wol de credits net nei my ta lûke, ik fyn it hiel belangryk dat der wat ûntstiet. Dat dat ferbynt, en in goed gefoel jout.”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *