Earste foarstellingen Kneppelfreed útferkocht

Earste foarstellingen Kneppelfreed útferkocht

It is hast safier, lokaasjefoarstelling Kneppelfreed giet op 29 oktober yn premjêre yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert. En de earste foarstellingen binne al útferkocht!

It is dit jier santich jier lyn dat Kneppelfreed plakfûn. Op dizze bysûndere dei fan 16 novimber 1951 waard der in striid útfochten om de posysje fan taal: de Fryske taal. Politikus en sjoernalist Fedde Schurer moast him yn it Paleis fan Justysje ferantwurdzje foar in haadredaksjoneel artikel dêr’t er yn protestearre tsjin it ferbod Frysk te brûken yn de rjochtseal. Bûten waarden kneppels, motors mei sydspan en wetterkanonnen ynsetten om demonstranten te bestriden.

De foarstelling Kneppelfreed wurdt spile op in bysûndere lokaasje, nammentlik it Paleis fan Justysje yn Ljouwert. Yn die tiid it hol fan de liuw. Yn in regy fan Sjoeke-Marije Wallendal en ûnder artistike lieding fan Jos Thie spilet in topcast mei Joke Tjalsma, Ali Zijlstra, Theun Plantinga en Martijn de Rijk in tekst fan Bouke Oldenhof. De foarstelling hat de foarm fan in bysûndere rjochtsaak en fiert de taskôger troch de tijd by trije rjochtsaken oer de taal lâns. It giet dêryn net allinne om it Frysk, mar ek om diversiteit yn it algemien.

Kneppelfreed lit it belang sjen fan it kinne sprekke fan dyn memmetaal, de taal wêryn minsken sich it bêst uterje kinne. Dat dit noch altyd net fanselssprekkend is bewiist de diskusje rûnom de tolken. It wurdt in bysûndere ûnderfining fol werkenbere mominten foar elkenien.

De foarstelling is in koproduksje fan Pier21 en De Harmonie en spilet fan 30 oktober ôf oant en mei 28 novimber yn it Paleis fan Justysje.

Kaarten kinne jo bestelle fia www.kneppelfreed.frl.

Fotografy: Lucas Kemper

 

Eerste voorstellingen Kneppelfreed uitverkocht!

Het is bijna zover, locatievoorstelling Kneppelfreed gaat op 29 oktober in premiére in het Paleis van Justitie in Leeuwarden. En de eerste voorstellingen zijn al uitverkocht!

Het is dit jaar zeventig jaar geleden dat Kneppelfreed plaatsvond. Op deze bijzondere dag van 16 november 1951 werd er een strijd uitgevochten om de positie van taal: de Fryske taal. Politicus en journalist Fedde Schurer moest zich in het Paleis van Justitie verantwoorden voor een hoofdredactioneel artikel waarin hij protesteerde tegen het verbod Fries te spreken in de rechtszaal. Buiten werden knuppels, motoren met zijspan en waterkannonnen ingezet om de demonstranten te bestrijden.

De voorstelling Kneppelfreed speelt op een bijzondere locatie, namelijk het Paleis van Justitie in Leeuwarden. Destijds het hol van de leeuw. Onder regie van Sjoeke-Marije Wallendal en artistieke leiding van Jos Thie speelt een topcast, bestaande uit Joke Tjalsma, Ali Zijlstra, Theun Plantinga en Martijn de Rijk een tekst van Bouke Oldenhof. De voorstelling heeft de vorm van een bijzondere rechtszaak en voert de toeschouwer door de tijd langs drie rechtszaken waarin de taal een rol speelt. Het gaat daarin niet alleen over het Fries maar ook over diversiteit in het algemeen.

Kneppelfreed geeft het belang aan van het mogen communiceren in de eigen taal, de moedertaal. De taal waarin mensen zich veelal het beste kunnen uiten. Dat dit nog altijd niet vanzelfsprekend is toont de discussie rondom de tolken. Het belooft dan ook een bijzondere ervaring te worden vol herkenbare momenten voor velen!

De voorstelling is een coproductie van Pier21 en De Harmonie en speelt vanaf 30 oktober tot en met 28 november in het Paleis van Justitie in Leeuwarden.

Kaarten bestellen kan via www.kneppelfreed.frl.

Fotograaf: Lucas Kemper

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *