Besjoch hjir it programmaboekje fan de foarstelling Krijst der safolle foar werom. Yn dit boekje lêst alles om de foarstelling en de eftergrûn dêrfan hinne. Bist benijd? Klik op de knop.
In tragikomeedzje oer in spytmem, winskâlden en grutbringe.
De nije tragikomeedzje fan Pier21 oer it wichtige tema spytmem, winskâlden en grutbringe. Under regy fan Mara van Vlijmen en tekst fan Ali Zijlstra spylje Anna Raadsveld en Benno Veenstra broer en sus dy ’t in nachtlike konfrontaasje mei-inoar oangean oer bernewinsken, spytmemmen en âlderskip.
Fan oktober ôf reizget Pier21 mei de nije foarstelling Krijst der safolle foar werom troch hiel Fryslân. Klik hjir foar de spyllist fan Krijst der safolle foar werom.
It is trije dagen foar kryst. Elkenien is drok dwaande mei tariedingen foar de feestdagen. Dit jier is it ekstra spannend want: Frank makket spesjaal foar it doarp in krystmusical mei jonge bern. De repetysjes binne yn folle gong. Yn alle hektyk ûntdekt Djoeke, syn suster, dat se opnij yn ferwachting is. Dêr skrikt se enoarm fan en se kin net langer fuortdrukke wat se eins al hiel lang fielt: se wol gjin mem wêze. Frank dêrfoaroer wol neat leaver as tegearre mei syn man âlders wurde. Wat folget is in lange nacht (yn it dekôr fan de krystmusical foar bern) dêr ’t harren tsjinstelde (berne)winsken yn botse: Harren ideeën oer harren eigen âlden en jeugd en oer wat it betsjut om sels âlder te wêzen.
Anna Raadsveld (1990) is berne yn Snits en groeide op yn Drylts. Se studearre yn 2014 ôf oan de Toneelacademie Maastricht. Se makke yn 2007 har akteardebút yn de film Timboektoe. Hjirnei spile se yn de (Nederlânske) films Riphagen, Smoorverliefd, Hoe duur was de suiker en Get Lost! Anna spilet neist films ek yn ferskate teäterfoarstellings en se hat har eigen teäter kollektyf Club NEL.
Benno Veenstra (1993) is berne yn it Hearrenfean. Hy studearre yn 2017 oan de Amsterdamske Akademy foar Theater en Dans. Hy spile dêrnei yn teäterfoarstellingen lykas De rechtvaardigen met Eline Arbo, La Pretenza mei Jan Hulst en Kasper Tarenskeen en Lo Lie Taa yn solo by it Zuidelijk Toneel.Hy ûntfong itselde jier de Top Naeff Prijs foar talint dat gâns ûnthjit.
Mara van Vlijmen (1979) studearre yn 2002 ôf oan de Toneelacademie Maastricht. Mei klassegenoaten rjochte sy dêrnei Teätergroep De Warme Winkel op, dêr’t sy oant 2021 diel fan útmakke. By De Warme Winkel hat se mear as 30 foarstellingen makke en it selskip mei ûntwikkele ta toanoanjaande groep en in smaakmakker fan it teäterlânskip. Neist it artistyk liederskip by De Warme Winkel is Mara ek altyd freelance as aktrise wurkje bliuwe foar film en telefyzje, en jout se in soad les op de Nederlânske toanielskoallen. Se docht geregeld (ein)regys by ferskate teätergroepen.
Wat als je van je kind houdt, maar doodongelukkig bent in je rol als moeder? ‘Spijtmoeders’ is een documentaire over moeders die, als ze opnieuw mochten kiezen, liever geen moeder zouden zijn. De vrouwen vertellen over hun worstelingen met het moederschap, de schaamte en schuld die zij voelen, en de hoge verwachtingen die de maatschappij aan hen stelt. De documentaire is gemaakt door regisseur Milou Gevers. Ze sprak tientallen moeders over dit onderwerp.
De documentaire is uitgezonden op donderdag 16 mei op NPO 2, 2doc.nl en NPO start.
Spilers: Anna Raadsveld as Djoeke, Benno Veenstra as Frank |
Metaalbewurking Bjirk Kramer |
Regy: Mara van Vlijmen |
Houtbewurking: Ave Kramer |
Tekst: Ali Zijlstra |
Technysk produsint- en ljochtûntwerp: Koos de Vries |
Fryske Oersetting: Nynke Laverman |
Technyk: Rutger van der Hout Jesse de Vries Bouke Jacob Plantinga Chris OelmeijerJaidy van Leerdam (stazjêre) |
Dekor- Kostúmûntwerp: Sarah Nixon |
Foarmjouwing: Anna Witteveen |
Dekorbou Durk Kramer |
Publiciteitsbyld: Bernard Roorda |
Fotograaf: Lucas Kemper |
|
Fideograaf: Ramon Hoogerhuis |
|