Kaarten

Muzykteaterfoarstelling fan Pier21 oer mantelsoarch en it sykjen nei balâns

GRINS – Pier21 hat wat mei in orizjineel en maatskiplik ûnderwerp dien, nammentlik mantelsoarch. Elk ken wol minsken dy’t hjir anneks mei binne en oer it algemien giet it oer dyjinge, dy’t dy soarch nedich hat. Ditkear lit de foarstelling de oare kant fan de medalje sjen.

Troch Baukje Stavinga
Fotografy: Mountain-Abstracts (Niels van den Berg)

It idee is ûntstien doe’t Sietze Kijlstra van Kijlstra Ambulancezorg yn petear rekke mei David Lelieveld fan Pier21 oer it wurkjen op de Meldkeamer en wat soks emosjoneel mei dy wurknimmers docht. David seach dêr wol ljocht yn en naam kontakt op mei regisseur Jos Thie en toanielskriuwer Bouke Oldenhof. Dat wie it begjin fan de foarstelling ‘En ik dan?’ dy’t yn oktober yn premjêre giet. Ek troch it persoanlike ferhaal fan ien fan de spilers kriget de foarstelling in ekstra lading.

Dy spiler is Hiske Oosterwijk, opgroeid yn Mantgum en dochter fan Jaap Oosterwijk dy’t û.o. bekend is fan de poadiumkeunst. Trochdat muzyk yn harren húshâlding sintraal stie, hat dat altyd in reade tried yn har libben west en ek is it spyljen har net frjemd. As jong famke spile se by it Berne-iepenloftspul en by ‘Heb het lef’ muzykteäter, dat yn de perioade foar MUZT bestie, de musicaloplieding fan Kunstencentrum Atrium yn Snits.

Hiske har bedoeling wie yn earste ynstânsje om nei de Kleinkunst Academie te gean, mar it lot bepaalde oars. Sy gie nei it Prins Claus Conservatorium yn Grins om jazz en sang te studearjen, behelle har bachelor yn 2014 en har master yn 2018. Hiske sjongt yn ferskillende talen sa as Ingelsk, Frânsk, Nederlânsk en Frysk en toerde foar in langere perioade bûten Nederlân om oan konserten mei te dwaan. Se kin net allinne goed sjonge, ek skriuwt se har eigen komposysjes en teksten, dat al mei al in multytalint.

Yn har persoanlike libben hat Hiske – dy’t nei har stúdzje hingjen bleaun is yn Grins – te krijen hân mei oerbelesting, altyd mar trochgean en harsels weisiferje. Se makke op basis fan dy ûnderfiningen in EP mei nûmers dy’t no in plak krije yn de foarstelling. Har teksten nûgje út ta neitinken en roppe werkenning op. Op ‘e Meldkeamer yn Drachten hat se ‘staazje rûn’ om har te ferdjipjen wat it mei sintralisten docht dy’t alle dagen te krijen hawwe mei needgefallen. Geregeld komme der stresssituaasjes foar en yn sokke gefallen moatte dy minsken rêstich fragen stelle, de urginsje bepale en de krekte help ynskeakelje kinne.

Dysels weisiferje as falkûle

‘En ik dan?’ is in persoanlike foarstelling wurden. In oangripend en muzikaal ferhaal oer mantelsoarch, oer it sykjen nei balâns as it soargjen foar in oar dysels skea tabringt.

Hiske spilet Floor, in jonge frou dy’t altyd foar oaren klearstiet. As bern moast se thús altyd ynskikke, omdat har broer Roel alle oandacht opeaske. No’t har âlders stoarn binne, leit de earste ferantwurdlikheid foar him by har. Ek wat har wurk op de meldkeamer foar de helptsjinsten oanbelanget en yn har relaasje mei Sander nimt se út harsels de soarchrol op har.

As immen einliks wat foar har docht, fielt se har skuldich en yn ‘e war. Hoefolle kinst jaan foardatst dysels ferliest? It leit hiel ticht byinoar: it soarch ferlienen en dysels weisiferje. Sels hat Hiske leard om yn stressfolle situaasjes en oerbelesting de balâns te finen troch geregeld te sporten, in ein mei de hûn te rinnen of op in oare wize te ûntstressen.

De spilers hawwe yn de tuskentiid al in tal gearkomsten hân om harren yn it stik, de tekst en de ynhâld te ferdjipjen. Sels hat se in dúdlik byld wat it spyljen oanbelanget: ‘Moast net akteare, mar moast dyjinge wêze dy’st spilest’. De hiele moanne septimber stie yn it teken fan repetysjes en de kommende foarstelling.

‘En ik dan?’giet op 9 oktober yn premjêre yn Drachten. De Frysktalige foarstelling is rûnom te sjen yn Fryslân oant de krystdagen. Fan jannewaris ôf folget de Nederlânsktalige ferzje troch Fryslân, Grinslân en Drinte.

Njonken Hiske Oosterwijk spylje Lourens van den Akker en muzikant Jochem le Cointre mei. Regisseur Jos Thie en skriuwer Bouke Oldenhof wurkje wer tegearre sa’t se dat al earder foar Pier21 dien hawwe by Feteranen, Bijke en It wie op in Simmerjûn.

Schrijf je in voor de nieuwsbrief
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.
Naam(Vereist)
Privacyoverzicht

Deze site maakt gebruik van cookies, zodat wij je de best mogelijke gebruikerservaring kunnen bieden. Cookie-informatie wordt opgeslagen in je browser en voert functies uit zoals het herkennen wanneer je terugkeert naar onze site en helpt ons team om te begrijpen welke delen van de site je het meest interessant en nuttig vindt.