Wat Soesto! giet troch!

Tromgeroffel, it is safier: Wat Soesto! giet troch! Dizze prachtige foarstelling, dy’t Freark Smink en Klaasje Postma spylje troch de hiele provinsje hinne, kriget in ferfolch yn 2022! De reis giet troch, yn jannewaris en febrewaris 2022 sil Wat Soesto noch in pear kear opfierd wurde yn’e provinsje.

We ha al in soad besikers ûntfongen by dizze bysûndere foarstelling, mar de belangstelling wie noch folle grutter. Dêrom start hjoed de kaartferkeap fan de earste rige foarstelling yn 2022. Mar hâldt ús kanalen yn’e gaten, want der wurde noch mear lokaasje tafoege de kommende tiid.

Wat Soesto!, in foarstelling van Freark Smink, is in ynkringend portret fan in boer yn in bysûndere famylje basearre op “eigen” ûnderfiningen út it ferline.

`Ik bin in boeresoan. Myn pake wie boer, myn heit wie boer en ik bin it. Dêr bin ik grutsk op. Niks mear, niks minder. Ik ha wolris lêzen dat je as bern je eigen âlders útsykje. As dat sa is, dan ha ik raar yn ’e war west. Myn mem is okee. Dy besiket altyd te skipperjen en hat in hekel oan rúzje. Mei myn heit is dat oars,’ neffens Frans yn `Wat Soesto!’.

Foar kaarten en mear ynformaasje: https://www.pier21.nl/page/actueel/wat-soesto-2020-2021/

Wy hoopje jo te sjen by ien fan de nije foarstellingen Wat Soesto! yn 2022.

Op’e hichte bliuwe fan ús nijs? Folgje us op de socials of skriuw jo yn foar ús nijsbrief. 

Wat Soesto! gaat door!

Tromgeroffel, het hoge woord is eruit: Wat Soesto! gaat door! Deze prachtige voorstelling, waarmee Freark Smink en Klaasje Postma door de hele provincie reizen, krijgt een vervolg in 2022! De reis gaat door, in januari en februari 2022 wordt Wat Soesto! nog een paar keer opgevoerd in de provincie.

We hebben al vele bezoekers mogen ontvangen bij deze bijzondere voorstelling maar de belangstelling bleek nog vele malen groter. Vandaar dat vandaag de kaartverkoop start van de eerste reeks voorstellingen in 2022. Houdt onze kanalen in de gaten want er worden nog meer locaties toegevoegd.

Wat Soesto! is een voorstelling van Freark Smink. Een indringend portret geschreven over een hedendaagse boer in een bijzonder familie. Een voorstelling gebaseerd op eigen ervaringen uit het verleden.

`Ik bin in boeresoan. Myn pake wie boer, myn heit wie boer en ik bin it. Dêr bin ik grutsk op. Niks mear, niks minder. Ik ha wolris lêzen dat je as bern je eigen âlders útsykje. As dat sa is, dan ha ik raar yn ’e war west. Myn mem is okee. Dy besiket altyd te skipperjen en hat in hekel oan rúzje. Mei myn heit is dat oars,’ neffens Frans yn `Wat Soesto!’.

Ga voor kaarten of meer informatie naar: https://www.pier21.nl/page/actueel/wat-soesto-2020-2021/

Wij hopen u te mogen verwelkomen tijdens één van de nieuwe voorstellingen van Wat Soesto!

Altijd op de hoogte zijn van ons recente nieuws? Volg ons op de socials en schrijf je in voor de nieuwsbrief.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *