‘Wat ‘n Wad’ edukaasjefoarstelling

Nei it suksesfolle ‘Kanoet’ komt Pier21 mei in nije natuerfoarstelling: ‘Wat ’n Wad’. Lotte en Sven komme yn de klasse om in reklamekampanje te testen. De klasse is hjoed harren testpanel foar affysjes en leuzen wêrtroch’t bern de heiten en memmen eins oerhelje moatte om nei it Waadgebiet op fakânsje te gean. Mei de foarstelling rjochtsje de makkers it each fan de bern op de ûnbekende ûnderwetterwrâld fan it Waad. De konfliktearjende belangen fan toerisme en natuer steane sintraal. De bern wurde útdage om mei te tinken oer de balâns tusken dy twa. De bern komme ek yn ‘e kunde mei it bysûndere boaiemlibben, de fiedselstring, it dierlike ynstinkt en de fisktrek (û.o. de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk en ‘plastic soup’). Op 16 septimber giet ‘Wat ’n Wad’ yn premjêre. Dêrnei spilet de foarstelling yn it tiidrek septimber 2021 oant en mei juny 2022 op ferskate skoallen foar de groepen 5 o/m 8. Wolsto de foarstelling ‘Wat ’n Wad’ ek op in skoalle ha? Nim dan kontakt op mei Marijke Rasing fia marijke@pier21.nl.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *