Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra spylje yn de Frysktalige fersy fan de teaterhit “DOEK!”

Pier21 bringt yn it neijier fan 2016 de Frysktalige fersy fan DOEK!. Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra spylje yn de komeedzje DOEK! twa akteurs, Lies en Richard, dy’t nei 25 jier opnij it toanielstik ynstudearje dêr’t se eartiids triomfen mei fierd hawwe. Mar súksessen dy’t yn it ferline behelle binne, binne noch gjin garânsje foar de takomst. Want DOEK! giet nammentlik oer twa minsken dy’t elkoars grutte leafde binne, mar net mei elkoar libje kinne. Tamara Schoppert had spile in Pak’m Stanzi en de Sunshine Boys. Hilbert Dijkstra spile yn Augustus Oklahoma, Rainman en spilet yn de televyzjesearje Dokter Deen. Hilbert en Tamara waarden in stel yn Andorra, Hamlet, ‘n Meeuw en Gleone Gloede, mei oare wurden: it ideale akteursduo om yn Fryslân de rollen fan Lies en Richard te spyljen!

DOEK! earder suksesfol yn it Nederlânske en it Dútsk.
DOEK! gong yn 2011 yn premjêre, mei Loes Luca en Peter Blok yn de rollen fan Lies en Richard. It stik luts folle sealen, wûn de AVRO – literatuerpriis en gong yn 2012 suksesfol yn reprize. Der kaam in Dútske fersy (Der Letzte Vorhang) dy’t ta ien fan de trije bêste toanielstikken fan it seizoen 2013 – 2014 keazen waard. Fanôf maaie 2016 stiet de oarspronklike fersy opnij yn de Nederlânske teaters.
DOEK! is skreaun troch Maria Goos en yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. Froukje van Houten docht de regy. De premjêre fan de Fryske fersy fan DOEK! is op sneon 29 oktober 2016 yn teater Sneek!

Fiifde produksje fan Pier21
DOEK! wurdt de fiifde produksje fan Pier21. Op dit stuit spilet ‘Life is Beautifull’ mei Klaasje Postma en Pauli Yap. Dêrneist binne Freark Smink en Joop Wittermans op reprize – toernee mei ‘Feteranen’. Beide foarstellingen spylje noch oant en mei maaie 2016. Yn it foarjier fan 2017 bringt Pier21 – yn gearwurking mei Stichting Jan Vos – de lokaasjefoarstelling ‘Koning van het Grasland’. (Kening fan ‘e Greide)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *