Start kaartferkeap nije lokaasjefoarstelling SKAAD fan Pier21

Yn it ramt fan 75 jier befrijing komt Pier21 mei de lokaasjefoarstelling `Skaad’. Op 18 jannewaris start de kaartferkeap.

De foarstelling fertelt it ferhaal fan in fersetsman út Het Gooi, dy’t by de KP (knokploech) fan Skearnegoutum terjochte komt. Dêr makket er namme mei spektakulêre aksjes. Nei de oarloch krijt er in protte wurdearring en lof foar syn moed, mar letter stekt de twifel oan syn heldhaftichheid de kop op.

De rol fan Reeskamp wurd spile troch Paul R. Kooij û.o. bekend as ferteller yn ‘Het Pauperparadijs’. Hy spilet tegearre mei Dette Glashouwer (û.o. bekend fan ‘Suver nuver’ en beide akteurs spilen mei yn de suksesfolle iepeningsfoarstelling fan LF2018: Marijke Muoi) en Eelco Venema.

Dette Glashouwer, Paul R. Kooij en Eelco Venema

Skriuwer Marijke Schermer en regisseur Danielle Wagenaar dogge ûndersyk, mar nimme ek de frijheid om harren ferbylding de romte te jaan. Want SKAAD giet net allinnich oer de wierheid, mar ek oer perspektyf. En net allinnich oer it ferline, mar ek oer hjoed de dei. SKAAD is in ferhaal oer tafal en needlot, oer ferdrukking en ferwar, oer in kar meitsje en moraal. Oer it mei-inoar op spyljen fan in karakter en de omstannichheden. En oer dat je guon dingen net weromdraaie kinne.

Marijke Schermer en Danielle Wagenaar

De lokaasjefoarstelling fynt plak yn Loeiïngea (Pasfeardyk 6) en sil yn elk gefal 15 kear spile wurde. 16 april giet SKAAD yn premjêre. De foarstelling is twatalich, der sil Frysk en Nederlânsk sprutsen wurde.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *