SKAAD FOAREARST OP 16 APRIL YN PREMJÊRE

Wy dogge der alles oan en hawwe goede hoop dat, nettsjinsteande de no jildende maatregels omtrint it koroanafirus, SKAAD dizze maitiid dochs yn premjêre gean kin. De spilers Paul R. Kooij, Dette Glashouwer, Pleun de Roode en Eelco Venema binne mei regisseur Daniëlle Wagenaar begûn mei repetearjen. Sa binne sy, wannear’t it wer kin, der klear foar om de foarstelling foar publyk te spyljen. De skuorre fan famylje Hoekstra, eigeners fan Camping Pasveer yn Loënga, wurdt as in feilige (coronaproof) omjouwing ynrjochte. Wy riede ús dus ta op it spyljen fan de plande rige foarstellingen yn 2021. It tal besikers per foarstelling hawwe wy werombrocht nei tritich persoanen. De bedoeling is dat wy de foarstelling op in spyljûn twa kear efter elkoar spylje. Foarearst stiet de premjêre pland op 16 april 2021, mar wy moatte der rekken mei hâlde dat de spyldata nei in letter momint opskood wurde.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *