Sille we dan mar?

Freark
Freark Smink – Douwe Anne Wybenga yn Feteranen

Op 20 jannewaris 2015 ryd ik nei De Rolbrêge ta, by de Tynje.
Yn it kafee fan Bouke Oldenhof sil de earste lêsrippetysje plakfine fan it splinternije stik FETERANEN.
Fannemoarn net te let fan ’t bêd. Alles mei soarch dwaan. Net fan dat hastige tinken en hanneljen en dan de helte ferjitte. Bygelyks myn autopapieren of myn brochje foar oerdei dat ik krekt klearmakke ha en dat ferpakt as trije pakjes sulverfoly strategysk klearstiet op de hoeke fan de tafel. Ik kin soms sa yn gedachten wêze, dat ik wol in pear kear nei de auto ta rin en dochs wer werom moat om wat op te heljen.
Nee, kop der by en mei in skjinne holle nei it kafee ta.

Ûnderweis realisear ik my dat dizze rûte no sa’n fiif wiken lang myn paad wêze sil. Ik groetsje yn gedachten myn soan yn Aldeboarn en slaan ôf rjochting De Tynje. Kom healwei dy dyk Het Neusje Van De Zalm tsjin. In fiskboer op wei nei syn hierde ferkeapplak earne yn Fryslân. Alle rippetysjedagen sil dy passaazje op de dyk nei de Tynje him foardwaan.
De Rolbrêge leit trou te wachtsjen. En as ik lâns de ruten fan it kafee rin, sjoch ik beweging. Guon oaren binne der ek al. Fluch pak ik myn mobyltsje en sjoch dat ik op tiid bin. Gelokkich, ik moat en wol net te let wêze. Sûnt myn freon Foppe my dúdlik makke, dat te let komme in autoriteitsprobleem is, ha ik myn libben bettere.

En dan dy earste stap yn dat nije, âlde kafee. De rook fan in houtkachel, dy’t de gaskachel wat helpt. De hertlike gesichten fan Jos, Joop, Theo en Bouke. Lytse reuny fan teaterminsken dy’t útstriele dat we mei wat nijs los meie. Wat tref ik it om mei sa’n ploech te wurkjen.
Ik sjoch troch it tinne kaffeeglês nei de dize fan it lânskip. Even bin ik wer yn dat lytse keammerke fan myn jeugd om myn húswurk te meitsjen. Mem hat de rikjende houtkachel oanset en stadich krûpt de waarmte my oan.
Hjir kin ik leare en lekker ferskûle myn wurk dwaan.
Jos nimt jongesachtich de lieding.
Sille we dan mar?

– Freark Smink

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *