Ried fan Tafersjoch 

Njonken in nije saaklik lieder is der op organisatoarysk mêd noch mear nijs. Wy nimme nammentlik ôfskied fan it ‘langstsittende’ bestjoer fan Pier21: Henk Hoen (foarsitter), Jan Smit (sekretaris) en Jan Douma (ponghâlder). Wy wolle se tige tankje foar harren ynset yn de ôfrûne jierren. Se hawwe David fan it begjin fan Pier21 ôf as wiere pioniers stipe en steane oan de widze fan alle suksessen. Mei de komst fan de strukturele subsydzje foar fjouwer jier fan de provinsje is besletten om nei in oare bestjoersfoarm oer te gean: in Ried fan Tafersjoch. Mei yngong fan 1 jannewaris wurdt Pier21 stipe troch in Ried fan Tafersjoch besteande út: Bert Looper (foarsitter), Jojanneke Braam (sekretaris) en Albert Beekhuizen (ponghâlder). Bert Looper is in oanwinst troch syn kennis oangeande de taal en syn grutte netwurk yn Fryslân, Bert is direkteur fan Tresoar. Albert Beekhuizen hat in oare eftergrûn. Yn it deistich libben is hy finansjeel direkteur fan Koninklijke Smilde en komt hjirmei út in kommersjele hoeke. Hy sil ús benammen in soad leare kinne op saaklik mêd. Jojanneke Braam wie wurksum by Tryater. Foarich jier is Jojanneke begûn as saaklik lieder by it ‘Jonge Harten Festival’. Fierder wurket se as kultureel ûndernimmer foar û.o. FestiValderAa en it Fries Museum. ‘’De maatskiplike belutsenens en impact fan Pier21 en de grutte kwaliteit fan David om gear te wurkjen yn it kulturele fjild fan Fryslân mar ek fier dêrbûten, stypje ik fan herten’’ seit Jojanneke Braam. Koartsein, in moaie miks oan kennis, talint en netwurk. Wy hjitte de nije leden fan herte wolkom.

Foto: f.l.n.r. Albert Beekhuizen, Jojanneke Braam en Bert Looper Fotograaf: Xanne Vera Wijkamp

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *