Pier21 ferkeapet!

Trouwe frijwilligers reizgje mei de Pier21-toernee mei en biede by de foarstelling ‘It wie op in simmerjûn’ it nijste boek oan fan skriuwer Bouke Oldenhof: ‘Fan libben en dea’. Ek wurdt de DVD fan de Pier21-foarstelling ‘Feteranen’ oanbean.

Fan libben en dea
Fan ‘Libben en dea’ is in bondeling fan trije resinte toanielstikken, skreaun troch Bouke Oldenhof, mei in oerkoepeljend tema. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by harren yn de buert is.

Fan libben en dea – Bouke Oldenhof

‘Feteranen’ (2015) luts mei Freark Smink en Joop Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime ‘Foar dy nei dy’ (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it foar harren betsjutte om in bern te ferliezen.  ‘It wie op in simmerjûn’ (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.

DVD Feteranen
‘Feteranen’ fertelt it ferhaal fan twa âlde feteranen dy’t altiten fochten ha foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch? De twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide feteranen yn dizze foarstelling, dêr’t hilariteit en brekberheid, werkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje.

Wolle jo ‘Feteranen’ mei Freark Smink en Joop Wittermans – skreaun troch Bouke Oldenhof en regisearre troch Jos Thie – op dvd besjen? As ha jo de foarstelling net bywenje kinnen, mar wolle jo dy dochs noch graach besjen? Dan kinne jo by ús de dvd bestelle.

Bestelle
Wolle jo it boek ‘Fan libben en dea’ en/as de dvd fan ‘Feteranen’ yn hûs ha? As wolle jo it kado jaan? Wy stjoere it boek en de dvd graach nei jo ta!

Stjoer in mail nei info@pier21.nl wêryn’t jo jo bestelling oan ús trochjaan kinne. Neam yn de mail ek jo namme- en adresgegevens. Nei ûntfangst fan jo betelling, stjoere wy de bestelling nei jo op.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *