Pier21 dielt prizen út!

Nei oanlieding fan twa ferskillende winaksjes, hat Pier21 yn dizze feestlike moanne de winners thús besocht en de prizen útrikt.

Der koene kaartjes foar it Natuermuseum Fryslân wûn wurde mei de winaksje ‘Kleur dyn eigen Kanoet’. Der wiene safolle moaie en fleurige Kanoets makke, dat it wie in putsje om in winner út te sykjen. Ta beslút is Rashel mei har Kanoet útroppen ta winneres.
Rashel hie spesjaal foar de útrikking har moaiste klean út de kast helle en wie bliid om har makke Kanoet werom te sjen. Dizze waard nei it meitsjen fan de foto dan ek fuortendaliks yn de wenkeamer ophongen.
Wy winskje Rashel in hiel soad wille mei har besite oan it Natuermuseum Fryslân!

De twadde winaksje wie net samar in winaksje. Der koene nammentlik kaarten wûn wurde foar de premjêre fan ‘It wie op in simmerjûn’. Dizze premjêre fynt plak yn Theater Sneek en is dochs wol hiel spesjaal om mei te meitsjen. Ellie wie dan ek tige bliid doe’t sy hearde dat sy de kaarten wûn hie. Wy hoopje dat Ellie in moaie jûn ha sil by ‘It wie op in simmerjûn’!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *