Pier21 bringt kommend seizoen Klaasje Postma en Pauli Yap yn ‘Life is Beautiful’

Kommend seizoen toert Pier21 troch Fryslân mei it muzikale en oangripende ‘Life is Beautiful’. Klaasje Postma skreau de tekst en spilet de haadrol. Pianiste Pauli Yap frisselet wurken fan ûnder mear Bach, Beethoven en Schumann troch it stik. Gerard Wolters nimt de regy op him. De premjêre sil wêze op 17 jannewaris 2016 yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean.

Klaasje Postma fertelt yn ‘Life is Beautiful’ it libbensferhaal fan de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. Sy ferstoar yn 2014, 110 jier âld, as de âldste oerlibjende fan de Holocaust. Alice wie in unike frou dy’t in grinsleaze libbensfreugde hie, nettsjinsteande har ferbliuw yn konsintraasjekamp Theresienstadt. Pauli Yap spilet komposysjes dy’t Herz-Sommer sels spile, dy’t har rêding wiene en in boarne bleaune fan treast en enerzjy. ‘Life is beautiful’ wie it motto fan Herz-Sommer. En is no in persoanlik stik oer de frijheid om te kiezen, fertriet, optimisme, tankberens en humor. ‘Life is Beautiful’ wurdt spile yn it Frysk, mei inkelde koarte passaazjes yn begryplik Dútsk en Ingelsk

‘Life is Beautiful’ is, lykas ‘De Emigrant’ en ‘Feteranen’, in produksje fan Stichting Pier21. Feteranen spile yn seizoen 14-15 al foar mear as 10.000 besikers en giet yn seizoen 15-16 yn reprise. Mear ynformaasje en de folsleine spyllist fan Life is Beautiful: klik hjir.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *