Nijsbrief maaie 2018

It hat in skoftsje stil west, mar de meiwurkers fan Pier21 hawwe seker net stil sitten. Dizze simmer giet Koning van het Grasland yn reprise, komme der nije edysjes fan Ontwakend Landschap oan en komt Pier21 mei de bernefoarstelling Kanoet. Al mei al tiid foar in nijsbrief mei alle nije ûntwikkelings.

 

Pier21 komt mei bernefoarstelling Kanoet

Op 18 maaie giet de earste bernefoarstelling ‘Kanoet’ fan Pier21 yn premiêre yn Assen. Kanoet giet oer de wûnders fan’ e fûgelwrâld en fûgelgekke heiten. In prachtige foarstelling dy ‘t der foar soarget dat bern mei oare eagen nei de natuer sjogge. Kanoet is in koproduksje fan Pier21 mei Garage TDI en yn gearwurking mei organisaasjes út de wrâld fan de natuer en natueredukaasje makke. Dizze foarstelling wurdt oanbean oan basisskoallen en giet op 4 juny yn premiêre op de basisskoalle de Master Fennemaskoalle yn Tytsjerk. Op de site fan Pier21 fine jo alles oer dizze nije foarstelling. Op 18 maaie is der in spesjale premiêre yn Assen en dêr binne kaarten foar beskikber. Ynteresse yn de foarstelling? Klik!

 

Try-out reprise Koning van het Grasland

Nei in súksesfolle reeks foarstellingen yn 2017 giet de foarstelling Koning van het Grasland yn reprise troch hiel Nederlân. It lokaasjeteater-stik fan Tjeerd Bischoff, bekend fan ‘Mansholt’, wurdt op boerehiemen yn hiel Nederlân spile yn in spesjaal bout dekor. Koning van het Grasland is in koproduksje fan Pier21 en Toanielgroep Jan Vos. De try-out fan de foarstelling fynt plak op 22 maaie op de Dairy Campus yn Goutum. Kaarten bestelle foar de try-out? Klik!

 

Ontwakend Landschap

In ûnderfining dy ‘t dy rekket!

Sliepe ûnder de stjerren op de moaiste plakken fan us lânskip? Ontwakend Landschap is in magyske ekspedysje fan it opgean fan’ e sinne oant it ûndergean fan’ e sinne, wêrby’ t kultuer en natuer ien wurde. De ekspedysje begjint yn de jûntiid, lit jo sliepe ûnder de stjerren en makket jo wekker by in sfearfolle sinne-opgong. Ontwakend Landschap biedt in ûnderfining dy’ t rekket, noch lang bybliuwt en útnoeget ta besinning. Ek dizze simmer organisierret Pier21 meardere kearen Ontwakend Landschap. Der binne noch kaarten te keap foar arranzjeminten fan Ontwakend Landschap op de folgjende data: 25 maaie, 8 juny, 29 juny, 11 july en 28 july. Foar mear ynformaasje oer de arranzjeminten en it reservearjen klik hjirre.

 

Aventoerlike frijwilligers socht foar Ontwakend Landschap!

Wolsto ek op magyske wize wekker wurde op de moaiste plakken fan us lânskip? Jou dy dan no op as frijwilliger!
As frijwilliger:
– Helpsto mei mei it bouwen fan ús kampemint
– Untfangst do de gasten
– Dielst wat fersnaperingen út yn it kamp
– En helpst wer mei it ôfbrekken fan it kamp
Ek sykje wy frijwilligers die dêrneist helpe kinne mei it laden en lossen yn Ljouwert fanút de teaterloads en sykje wy frijwilligers mei in rydbewiis. Yn ruil hjirfoar meisto it magyske wekker wurden meimeitsje, krigest jûns in hearlik waarm miel en moarns in lekker moarnsbrochje yn it kampemint. Wy sykje frijwilligers op 25/26 maaie, 8/9 juny, 10/11 juny, 29/30 juny, 11/12 july en 28/29 july. Do kinst dy allinich opjaan as frijwilligers ast op beide dagen beskikber bist. Foar mear ynformaasje en opjefte stjoer in e-mail neiinfo@pier21.nl.

Pier21 tipt!

Musikaal lokaasjeteater Gabe Skroar yn Grou.
Fan in tribune oan it wetter ôf genietsje jo yn it hert fan Fryslân fan in unyk tragikomysk lokaasjeteater. De spilers en de koarleden spylje om en op it wetter, mei it skitterjende Grou as dekor. In unike toanielûnderfining dy ‘t jo net misse meie! Tongersdei 7 juny giet de foarstelling yn premiêre. Mear ynformaasje of ynteresse?Klik!

 

Wurd freon fan Pier21!
Pier21 bringt de moaiste ferhalen nei de (Fryske) mienskip. Stypje ús by it realisearjen fan fantasyske projekten: wurd freon fan Pier21! wurd freon fan Pier21!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *