Nijsbrief jannewaris 2019

Klik hjir foar de nijsbrief!

Woansdei 16 jannewaris wie it dan safier: de premjêre fan ‘It wie op in simmerjûn’! De reade loper lei út, by de yngong fan it teater stie in draaioargel te spyljen en de sjampanje stie kâld. It wie in prachtige jûn en wy binne tige grutsk op alle reaksjes dy’t wy krigen ha! Wy hawwe der nocht oan om dizze foarstelling troch de hiele provinsje, én dêrbûten, oan it publyk sjen te litten!

Yn dizze nijsbrief fine jo inkele resinsjes werom dy’t bygelyks ferskynden yn de Ljouwerter Krante en de Theaterkrant. Ek binne der in tal artikels oer it ferhaal en de foarstelling werom te finen. Fansels is der ek in mooglikheid om kaarten te bestellen foar de foarstelling mei yn de haadrollen Jan Arendz en Joke Tjalsma. Graach oant sjen by ‘It wie op in simmerjûn’! 

Klik hjir foar de nijsbrief!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *