Nei ôfrin fan de foarstelling

Joop
Joop Wittermans – Sibbele Flapper yn Feteranen

Frentsjer. Sneintemiddei, nei ôfrin fan de foarstelling. Der komt in frou op my ta. Ik ken har, sy siet yn it koar fan de opera Keapmanskeunsten dêr’t ik ferline simmer oan meidie.
– No Joop, dit wie moai. Soest myn skoanheit wol efkes dachsizze wolle? Dy hat der west.
Fansels wol. Sy bringt my nei in taffeltsje en dêr sit in, sa te sjen, noch kwyk âld mantsje mei in romer skjinne jenever mei sûker foar him.
Hy sjocht my glimkjend oan:
– Ja, dit wie, sis mar, hiel herkenber.
Hy wachtet efkes en seit dan:
– Mar ik haw it der hiel goed ôfbrocht. Ik ken wol oaren … Fierders haw ik myn hiele libben yn it ûnderwiis sitten, ja, net yn it Kristlike sa as yn jim stik, mar yn it iepenbiere, oars wie ik hjir op snein net iens west miskien.
Hy laket súntsjes en riedt mei it leppeltsje yn ‘e skjinne. Nimt in lyts teuchje en stoart foar him út. Dan begjint er te fertellen. Hoe’t de boatreis wie, wêr’t se oankamen, hoe moai as it der wie.
Nei in skoftsje merk ik, dat er fertelt wêr’t sy west hiene en hoe lang; mar net wat sy der dienen. En dat er der letter mei syn frou silliger hinne west hat. Ja, dat wie hiel bysûnder. Wer sjocht er my oan. Mar no oars, bytsje ôfwêzich.
Dan seit er:
– Wy hiene yn ús kamp in ynlâns jonkje fan in jier as tolve. Dat wie maklik, want dy wist fan hoe en wat yn de jungle en sa. Doe ûntdutsen se, dat er spionearde foar de “fijân”; no ja, de frijheidsstriders dan. It jonkje soe noch flechtsje mar hy kaam net fier. Sy ha him as in aap út in beam sketten. Ja, it wiene rare tiden.

– Joop Wittermans

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *