Meer as 11500 besikers!

Snein 24 maart wie alwer de lêste foarstelling fan ‘It wie op in simmerjûn’ yn Stadsschouwburg De Harmonie. Akteurs Jan Arendz en Joke Tjalsma krigen noch ien kear in daverjend slotapplaus fan in útferkochte seal! Wy wolle it publyk hertlik tank sizze foar harren belutsenens. ‘It wie op in simmerjûn’ hat mear as 11500 besikers lutsen en dêr binne wy tige grutsk op!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *