Maaike Beckers nije saaklik lieder

Mei grutskens kinne wy meidiele dat Maaike Beckers (32) beneamd is ta saaklik lieder fan Pier21. Mei yngong fan april start se yn dizze funksje en foarmet sy tegearre mei David Lelieveld de direksje fan Pier21. Maaike folget hjirmei Margret Havinga op. ‘’De ôfrûne jierren makke ik my as beliedsadviseur en koördinator by de provinsje Fryslân sterk foar kultuer yn Fryslân. En no is it tiid foar in nije útdaging, en wat foar ien! Meiwurkje oan it fertellen fan prachtige ferhalen, bewoartele yn dizze moaie provinsje: persoanlik en tagelyk universeel. Pier21 ferbynt en ynspirearret, is maatskiplik belutsen en fertelt ferhalen dy’t it fertsjinje om heard te wurden. Dat ik dêr in bydrage oan leverje mei, is in dream dy’t útkomt!’’ sa seit Maaike. Wy sjogge der nei út om Maaike te ferwolkomjen yn ús team.

Maaike Beckers – Fotograaf: Xanne Vera Wijkamp

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *