Lit my dy iene dream behâlde

Lit my dy iene dream behâlde,
De dream dy’t my as hope jout
Dat greideblommen bûtergiel
Wer skjintme bring’ yn wat ik fiel’de
Doe’t ik as bern yn ‘t fjild omdoarme.

En ’t lânskip hiel ús wêzen foarme
Yn taal,ryk yn ferskiedenheid.
Sa blomryk. Sa fol eigenheid
**
Lit my dy dream fêsthâlde,
De dream dy’t my de hope skinkt
Dat yn de greiden lykas alearen
It fûgelkoar ús sjongend winkt
Us d’ oerklassike sangen skinkt.

Om dán as hoeder mei te sjongen!
Yn ’t koar fan skries en ljip en tsjirk
Om dán yn weemoed stean te harkjen!
Nei in aria heech oan ´t swurk
Fan dij,do magistrale ljurk.

Sûnder dij kin ik gjin fers mear skriuwe,
Sûnder dij gjin eigenheid mear priuwe.
Noch dreamend hoopjen bliuwe.

Hoe koene wy mei grûn en al fersakje,
Sa mei de greide yn kleur ferflakje?
Wêrom hongen wy oer nei technokraten?
Giene wy om mei ferkearde maten?
Dy’t út ús sâlt en gas har winst behellen,
Oan ‘t wy it mei ússels betellen?
**
Lit my myn swiete dream noch dreame,
Dat myn hope wierheid wurdt,
Dat ‘k mei ús bern troch ‘t miedlân gean,
En lykop mei har ferwûnd’re stean
Te harkjen nei wat ús bestean ferrike,
Sûnt wy, al bodzjend, ús lân bediken.
**
Hâld fêst dy dream, wy kin noch kieze!
Wy meie net de hope ferlieze,
Dat greideblommen bûtergiel,
Wer skjintme bringe yn wat wy fiel.´

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *