It wie op in simmerjûn
Pier21 mei Jan Arendz en Joke Tjalsma
Theo en Anneke ha elkoar op lettere leeftyd fûn. Theo helpt sa goed as er kin by it finen fan in noflik plak yn in fersoargingstehûs foar Anneke har heit en mem, Daniël en Wimmy. Dy binne op in leeftyd dat sy allang net mear op ‘en paad kinne mei Daniël syn grutte hobby, it draaioargel. Mar Daniël en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en ha hiele oare plannen. Tegearre wolle sy út it libben stappe, nei in lêste dûns op ‘It wie op in simmerjûn’.
Fuort nei it kulturele jier 2018 giet de tragikomeedzje ‘It wie op in simmerjûn’ fan Pier21 yn premiêre. De foarstelling lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje foar de rest
fan har libben. Mar dat libben giet somtiden syn eigen gong … Betûfte akteurs Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje sawol it jonge as it âlde stel. Sy steane foar it earst tegearre op it poadium yn dit nije stik fan Bouke Oldenhof. Earder skreau Oldenhof ‘Feteranen’, dat yn 2017 bekroand waard as bêste Frysktalige toanielstuk 2013-2016. It Fryske publyk ken Joke Tjalsma fan ‘Marijke Muoi’, dêr’t sy in glânsrol yn spile. Jan Arendz reizge resint troch de provinsje mei it suksesfolle ‘Bokwert’.
De regy fan ‘It wie op in simmerjûn’ is yn hannen fan Jos Thie, fêste regisseur by Pier21 en de man achter de grutte 2018-produksje ‘De Stormruiter’.
De foarstelling duorret ûngefear oardel oere en der sit gjin skoft yn.
Produsint: David Lelieveld
Tekst: Bouke Oldenhof
Regy: Jos Thie
Spilers: Jan Arendz en Joke Tjalsma
Produksjelieder en regy-assistint: Theo Smedes
Ûntwerp dekor & kostúms: Hadewych ten Berge
Ljochtûntwerp: Koos de Vries
Komposysjes/muzyk: Peter Sijbenga
Grime en kapwurk: Arjen van der Grijn
Artwork: Bernard Roorda
Technyk: Jeroen van Casteren
Schrijf je in voor onze nieuwsbrief
Spyllist "It wie op in simmerjûn "
datum | tiid | plak | seal | tillefoannûmer | |
---|---|---|---|---|---|
11-jan | 20.00 | Wergea | try out | pier21.nl | 058 255 2342 | Utferkocht |
14-jan | 20.15 | Snits | try out | Theater Sneek | 0515 43 14 00 | Utferkocht |
15-jan | 20.15 | Snits | try out | Theater Sneek | 0515 43 14 00 | West |
16-jan | 20.15 | Snits | première | Theater Sneek | 0515 43 14 00 | Utferkocht |
18-jan | 20.00 | De Jouwer | t Haske | NUT JOURE | Utferkocht |
19-jan | 20.00 | Lemmer | De Hege Fonnen | 0514 56 16 39 | West |
20-jan | 15.00 | Burdaard | MFC Het Spectrum | 0519 33 24 70 | West |
23-jan | 20.15 | Burgum | De Pleats | 0511 46 15 56 | Utferkocht |
25-jan | 20.00 | Mantgum | De Wjukken | 058 250 14 58 | Utferkocht |
26-jan | 20.15 | It Hearrenfean | Posthuis Theater | 0513 61 94 94 | West |
30-jan | 20.15 | Frjentsjer | Theater de Koornbeurs | 0517 39 63 63 | Utferkocht |
31-jan | 20.15 | Grins | Stadsschouwburg Groningen | 050 368 03 68 | West |
01-feb | 20.00 | It Heidenskip | t Swaeigat | 0515 54 13 14 | Utferkocht |
02-feb | 20.15 | Drachten | De Lawei | 0512 33 50 50 | West |
03-feb | 14.00 | Drachten | De Lawei | 0512 33 50 50 | West |
06-feb | 20.15 | It Hearrenfean | Posthuis Theater | Posthuis Theater | Besletten |
07-feb | 20.00 | Bitgummole | De Molewjuk | 06 135 036 60 | Utferkocht |
08-feb | 20.30 | Balk | De Treemter | www.nutgaasterlan-sleat.nl | Utferkocht |
09-feb | 20.15 | Dokkum | Theater Sense | 0519 22 29 69 | West |
10-feb | 15.00 | Goutum | Ien en Mien | 058 288 55 29 | Utferkocht |
14-feb | 20.00 | Rie | De Rede | info@dorpshuisried.nl | Utferkocht |
15-feb | 20.00 | Hijum | De Kampioen | 0518 43 14 00 | Utferkocht |
16-feb | 20.00 | Wommels | It Dielshûs | 0515 33 15 66 | Utferkocht |
17-feb | 15.00 | Tytsjerk | Yn ‘e Mande | 0511 43 18 97 | Utferkocht |
20-feb | 20.15 | Meppel Dizze foarstelling is foarsjoen fan Nederlânske boppetiteling | Schouwburg Ogterop | 0522 25 42 42 | Utferkocht |
21-feb | 19.00 | Ljouwert Dizze foarstelling is ynklusyf de Publyksakademy fan it MCL mei sprekker Toine Heijmans. Klik hjir foar mear ynformaasje. | MCL, Pieter Bonnema Auditorium | 050 584 44 29 | Utferkocht |
22-feb | 20.00 | Opende (GR) | Baron Theater | 0594 65 95 50 | Utferkocht |
23-feb | 20.00 | Sondel | De Bining | 06 519 282 77 | Utferkocht |
24-feb | 15.00 | Warns | De Spylder | 06 272 268 18 | Utferkocht |
27-feb | 20.00 | It Hearrenfean | Woonzorgcentrum Anna Schotanus | Besletten | |
28-feb | 20.30 | Amsterdam Dizze foarstelling is foarsjoen fan Nederlânske boppetiteling | CC Amstel | 020 671 24 17 | West |
01-mrt | 20.00 | Holwert | MFA de Ynset | 06 144 558 74 | Utferkocht |
02-mrt | 20.15 | De Gordyk | De Skâns | 0513 46 86 00 | Utferkocht |
06-mrt | 20.00 | Ryptsjerk | De Einekoer | 0511 43 22 42 | Utferkocht |
07-mrt | 20.00 | Damwâld | De Kruisweg | 0511 70 55 80 | Utferkocht |
08-mrt | 20.00 | Grou | OSG de Sevenwolden | 06 220 972 93 | Utferkocht |
09-mrt | 20.00 | Nijhoarne | De Kiekenhof | 0513 54 14 61 | Utferkocht |
10-mrt | 15.00 | Ysbrechtum | it Nije Formidden | 06 142 996 66 | Utferkocht |
13-mrt | 20.00 | Bûtenpost | The Point | 0511 54 15 80 | Utferkocht |
14-mrt | 20.30 | Utrecht Dizze foarstelling is foarsjoen fan Nederlânske boppetiteling | Stadsschouwburg Utrecht | 030 230 20 23 | West |
15-mrt | 20.15 | Boalsert | Marne Theater | 0515 57 39 90 | Utferkocht |
16-mrt | 20.00 | Koudum | De Klink | 0514 52 16 38 | Utferkocht |
19-mrt | 20.00 | Sint Annaparochie | MFC Ons Huis | Besletten | |
20-mrt | 20.00 | Eanjum | MFA de Dobbe | 06 134 025 33 | Utferkocht |
21-mrt | 20.00 | It Hearrenfean | Woonzorgcentrum Anna Schotanus | Besletten | |
22-mrt | 20.00 | Jirnsum | De 2 Gemeenten | 0566 60 15 50 | Utferkocht |
23-mrt | 20.30 | Ljouwert | Stadsschouwburg de Harmonie | 058 233 0 233 | Utferkocht |
24-mrt | 15.00 | Ljouwert | Stadsschouwburg de Harmonie | 058 233 0 233 | Utferkocht |
24-mrt | 20.00 | Ljouwert | Ekstra foarstelling | Stadsschouwburg de Harmonie | 058 233 0 233 | Utferkocht |