Freark en Joop servearje feteranen op 5 maaie

Afb_copyright onbekendOp tiisdei 5 maaie fynt der in bysûnder iepenloft-moarnsiten plak op it Zaailân yn Ljouwert. Twadde Wrâldoarloch-feteranen (út Hollân en Kanada!) en âld fersetsstriders wurde betsjinne troch ûnder mear de Kommissaris fan de Kening, de boargemoaster fan Ljouwert, Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en ús eigen Feteranen Joop en Freark.

It moarnsiten wurdt klearmakke troch koks fan it Stadhouderlijk Hof, Restaurant Eindeloos, By Ús, Sems, Post Plaza en Stenden Hotelschool. Iris Kroes (harp en sang) en Piter Wilkens (sang) soargje foar it muzikale listwurk. It moarnsiten duorret fan 10.00 oant 11.30 oere. By min waar wurdt der útweken nei Stadsschouwburg De Harmonie.

Betankjen Kanadese Feteranen
Om’t it dit jier 70 jier nei de befrijing is, komme der (op útnoeging fan Stichting Befrijdingsfestival Fryslân) van 2 oant en mei 10 maaie achttsjin Kanadese Feteranen nei Fryslân om ferskate aktiviteiten rûnom de Deadebetinking en de Befrijing mei te fieren. Op dizze wize wol de organisaasje de Feteranen betankje foar alles wat sy foar Fryslân dien hawwe oan it ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Tegearre mei harren famylje gean se mei op de fjouwer Befrijingsrûtes dy’t riden wurde troch Fryslân op 5 maaie. Sy nimme plak yn de legerreau fan Keep Them Rolling om – warskynlik – foar de lêste kear ynhuldige te wurden yn ús provinsje.

Lês mear  op www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *