Foarstelling Kanoet giet yn it Dútsk yn premjêre op 22 novimber yn Bunde

Op 22 novimber giet de foarstelling Kanoet, die fan no ôf ek troch it libben giet as Knutt, yn premjêre op basisskoalle Oberschule yn Bunde yn Dútslân. Pier21 hat tegearre mei Landesbühne Niedersachsen Nord de foarstelling oer de Waadsee en de waadfûgels yn it Dútsk makke. De regy fan de Dútske foarstelling is yn hannen fan Frank Fuhrmann. Yn Nederlân is de foarstelling ûnderwilens al mear as 150 kear spile op ferskate basisskoallen en oare lokaasjes. 

Vasillios Zavrakis (Knud) is de haadrolspiler yn Knutt. Knud is foar syn heit in presintaasje oer waadfûgels oan it reemeitsjen. Hy hat alle opsette fûgels en spullen fan it Waad alfêst klearsetten, mar syn heit komt mar net opdaagjen. Knud stiet der allinnich foar. Hy besiket – mei help fan de bern út it publyk – it ferhaal fan syn heit sa goed as mooglik nei te fertellen. Gelokkich hat syn heit him in protte leard, mar koe Knud him noch mar in pear dingen freegje… Ta beslút kriget hy op in nijsgjirrige wize dochs noch efkes kontakt mei syn heit.

De Dútske foarstelling Knutt wurdt yn it ramt fan it INTERREG V A Programma Deutschland-Nederland finansiere mei middelen út it ‘Europese Fonds voor Regionale Ontwikkeling’ (EFRO) en troch de provinsjes Drinte, Fryslân, Grinslân en ek de dielsteat Niedersachsen.

Ofrûne teäterseizoen ûntwikkele en spile Pier21, tegearre mei Garage TDI, yn Noard Nederlân de jeugdfoarstelling Kanoet yn it Frysk en yn it Nederlânsk. It is in foarstelling oer de Waadsee, de waadfûgels en it belang fan de beskerming fan dit kwetsbere gebiet dat yn gearwurking mei it waad-ûndersyksteam fan Theunis Piersma oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en NIOZ Texel ûntwikkele waard.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *