Ferhalejûn proeftûnen juny 2021

De ferhalejûn 2020 mei as tema ‘It Firus’ koe net trochgean. Yn stee dêrfan komme der trije proeftúnjûnen op trije ferskillende lokaasjes. Mei dizze jûnen wolle wy in tal wêzentlike punten ûndersykje dy’t wy dit jier foar it earst yntrodusearre hawwe. Dy punten binne bygelyks de mearwaarde fan coaching en de oanbeane tools. Op ferskate plakken organisearje wy mei entûsjaste fertellers in ferhalerûte, in ferhalekafee en in ferhaletún. Sa kinne wy ús ekstra goed tariede op de nije edysje fan de ferhalejûn yn novimber mei as tema ‘De taal fan myn hert’. Wy binne bliid dat wy dizze kâns krije want it is tige seldsum dat wy de tiid nimme en krije om in proses te ûndersykjen, benammen yn de kulturele sektor.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *