Ferhalejûn 350 ferhalen

Ljouwerter Krante: Der binne al mear as 300 ferhalen oanmeld foar de Ferhalejûn dy’t plak fynt op freed 15 novimber. Mar der is noch plak foar mear fertellers.

It is foar de twadde kear dat Fryslân in jûn lang yn it teken stiet fan ferhalen. Yn húskeamers, musea, kafees, oerheidsgebouwen en yn bedriuwsgebouwen fertelle minsken folgjende wike freed tusken 19:00-22:00 oere oer harren libben, wurk, ambachten en ek gauris oer de pleatslike skiednis.

Yn 2018, it Kulturele Haadstedjier, wie de earste edysje fan it fertelfestival. De reaksjes wiene doe sa posityf dat organisator David Lelieveld besleat om it projekt te werheljen. Hy hopet dat it in tradysje wurdt. De measte ferhalen wurde yn it Nederlânsk ferteld, folge troch it Frysk. Ek wurde der ferhalen foardroegen yn it Dokkumersk, Amelânsk en Snekers.

Mei noch in wike te gean, stiet de teller no op 350 ferhalen. Dy wurde ferteld troch 320 minsken, op 150 lokaasjes en ferspraat oer 76 doarpen en stêden. Mar it wurde der neffens Lelieveld fêst noch mear: ek ferline jier kamen der op it lêste momint noch fertellers by. En der binne no ek wer partijen dy’t al tasein hawwe mar noch net offisjeel oanmeld binne.
Fan de 150 lokaasjes binne der 49 partikuliere húskeamers. Dêryn fertelle minsken faak oer hiel persoanlike saken: fan in frou dy’t oer de selsdeading fan har dochter fertelt (Ljouwert) oant it belang fan eroatyske poëzy (Makkum) of, hiel gewoan, oer it keapjen fan in nije fyts op dyn sechstichste (East-Flylân). Der dogge 37 musea oan de Ferhalejûn mei, 11 kafees en restaurants, 9 tsjerken en fierder in soad biblioteken, bedriuwen en kluphuzen.

Wa’t noch meidwaan wol of nijsjirrich is nei it programma, kin terjochte op de webside verhalenavond.nl. Minsken dy’t de jûn planne wolle: it is realistysk om tusken de trije en fiif ferhalen te besykjen op lokaasjes dy’t net te fier út inoar lizze. Mear slagget net yn trije oeren. De tagong is oeral fergees.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *