In artistike rie foar Pier21

Artistieke Raad Pier21‘Yn de ôfrûne jierren hat Pier21 stal krigen. Mei tank oan al dy meiwurkers, dy frijwilligers, dy útkeaporganisaasjes en al dat publyk. Ik bin grutsk op wat wy berikt ha.
Yn de rin fan de jierren is hieltyd mear op my ôfkommen. Wat foar nije plannen sil ik ûntwikkelje? Omearmje wy as Pier21 plannen dy’t oaren oan ús foarlizze? Hoe kinne je jo artistike útgongspunten noch skerper formulearje? Ik begûn hieltyd mear it ferlet te fielen om my op artistyk mêd fersterkje te litten troch belutsen saakkundigen.
Ik bin hiel bliid om bekend meitsje te kinnen dat Pier21 fan no ôf in artistike rie hat, dêr’t makkers en produsinten op weromfalle kinne mei fragen as: wat makket in produksje ta in Pier21-produksje? Helje plannen en produksjes de kwaliteit dêr’t Pier21 nei stribbet?
De artistike rie bestiet út trije persoanen: Wybrich Kaastra, Jos Thie en Bouke Oldenhof. Wybrich Kaastra is direkteur fan skouboarch Ogterop yn Meppel, wurke earder by jeugdteatergroep Kwatta yn Nimwegen en de teaters yn Heerlen en Ljouwert en is op dit stuit lid fan de Toneeljury dy’t alle jierren de Louis d’Or en alle oare grutte toanielprizen ferdielt. Jos Thie wie artistyk lieder fan Werk in Uitvoering, RoTheater, Tryater en De Utrechtse Spelen. Hy regisearre foar Pier21 Feteranen. Bouke Oldenhof skreau û.o. Feteranen, neist in protte oare Frysktalige en Nederlânsktalige toanielstikken.
Ik bin tige bliid mei de reewilligens fan Wyrbich, Jos en Bouke om mei te tinken, en ik haw der alle fertrouwen yn dat Pier21 yn de takomst in soad profyt fan de artistike rie ha sil!’

David Lelieveld.David

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *