‘Op klompen troch de dessa’ oerset

Hylke Speerstra en Bouke Oldenhof hawwe yn it skriuwproses fan respektivelik it boek ‘Op klompen troch de dessa’ en it stik ‘Feteranen’ yntinsyf kontakt hân. Yn beide spylje Yndiëfeteranen in wichtige rol. De Nederlânsktalige ferzje fan Speerstra’s boek komt 4 maart ùt. Yn NRC Handelsblad ferskynde op moandei 2 maart al in grut stik fan syn hân. Dêrnjonken is hy …

Tongerstoarm yn Blyth, besikers nei London

Troch de tongerstoarm yn Blyth op sneon 20 septimber koe JA-MEI-MY dêr net útspile wurde. De stroom foel 20 minuten foar de ein fan de foarstelling út. Besikers fan de foarstelling yn Blyth binne ynformearre oer dat sy de foarstelling op ‘e nij sjen kinne op 2 oktober yn London.

Groetnis út Kanada

Pier21 is fan 19 septimber oant en mei 4 oktober mei Freark Smink en Klaasje Postma yn Ontario, Kanada om JA-MEI-MY te spyljen.