Bouke Oldenhof wint toanielpriis

Tongersdeitejûn 2 novimber hat Bouke Oldenhof út hannen fan Janneke Bergsma de Fedde en Martha Bergsma Priis ûntfongen. De priis wurdt troch de stifting mei deselde namme ienris yn de trije jier útrikt oan de skriuwer fan it bêste Frysktalige Toanielstik fan de ôfrûne trije jier. En lit dat no it troch Bouke skreaune stik ‘Feteranen’ (2015/2016) wêze! Wy binne tige grutsk en wolle Bouke fan herten lokwinskje mei dizze moaie erkenning!

‘Feteranen’ fan Pier21 wie in grut sukses, mei troch it prachtige spul fan Freark Smink en Joop Wittermans en de rezjy troch Jos Thie. Bouke Oldenhof wurket op dit momint foar Pier21 oan de skoallefoarstelling ‘Kanoet’. Fan jannewaris 2019 ôf toert der ek wer in toanielstik foar folwoeksenen troch de provinsje, ‘It wie op in simmerjûn’, skreaun troch Bouke. Der is dus noch in soad moais op komst, hâld ús site yn it each!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *