BOUKE OLDENHOF SKRIUWT NIJ STIK OER KNEPPELFREED FOAR PIER21

Toanielskriuwer Bouke Oldenhof hat fan it Letterenfonds en it Fonds Podiumkunsten in opdracht krigen foar it skriuwen fan in nij toanielstik oer de reboelje yn Ljouwert dy’t bekend kaam te stean as Kneppelfreed. Op 16 novimber 1951 late in rjochtssaak oer it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtsseal ta opskuor op it Saailân. Yn `Kneppelfreed’ wurdt dit proses rekonstruearre en de taalkwestje en it rjochtssysteem yn it generaal fan ferskate kanten beljochte.


Opskuor foar it Gerjochtshôf op Kneppelfreed – 16 novimber 1951
Foto: fia argyf HCL Ljouwert
Copyright: Leeuwarder Courant

Pier21 hat Bouke frege om dit stik te skriuwen, omt oprjochter David Lelieveld yn dizze bysûndere freed in ferhaal sjocht dat er graach trochfertelle wol. Kneppelfreed hat nammentlik fan grut belang west foar de posysje fan de Fryske taal yn de hjoeddeiske wetjouwing. Yn 2021 komt de foarstelling op de planken.

Bouke Oldenhof skreau earder foar Pier21 de stikken `Feteranen’ en `It wie op in simmerjûn’, dat yn de earste helte fan 2019 jûn oan jûn útferkocht wie. De bernefoarstelling `Kanoet’ fan Pier21 en Oldenhof belibbet dizze hjerst in Nederlânske reprise by Garage TDI út Assen en in Dútske ferzje by de Landesbühne Niedersachsen-Nord yn Wilhelmshaven.

Bouke Oldehof
Foto René Engelsman

Oldenhof hie dizze simmer in protte sukses mei `Hanna van Hendrik’ mei ûnder oaren Johanna ter Steege, Naomi van der Linden en Huub Stapel. It stik, in famyljesaga om de Boere-opstân fan Tubergen (1971) hinne, waard yn in regy fan Liesbeth Coltof mear as fyftig kear opfierd op it eardere fleanfjild Twente foar meimekoar 47.500 taskôgers.

De foto mei allinne mei tastimming of ôfspraak mei de Leeuwarder Courant pleatst wurde; de byldredaksje fan de LC is te berikken fia beeld@dvhn.nl.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *