‘Wat ‘n Wad’ edukaasjefoarstelling

Nei it suksesfolle ‘Kanoet’ komt Pier21 mei in nije natuerfoarstelling: ‘Wat ’n Wad’. Lotte en Sven komme yn de klasse om in reklamekampanje te testen. De klasse is hjoed harren testpanel foar affysjes en leuzen wêrtroch’t bern de heiten en memmen eins oerhelje moatte om nei it Waadgebiet op fakânsje te gean. Mei de foarstelling rjochtsje de makkers it …

Ferhalejûn proeftûnen juny 2021

De ferhalejûn 2020 mei as tema ‘It Firus’ koe net trochgean. Yn stee dêrfan komme der trije proeftúnjûnen op trije ferskillende lokaasjes. Mei dizze jûnen wolle wy in tal wêzentlike punten ûndersykje dy’t wy dit jier foar it earst yntrodusearre hawwe. Dy punten binne bygelyks de mearwaarde fan coaching en de oanbeane tools. Op ferskate plakken organisearje wy mei …

SKAAD FOAREARST OP 16 APRIL YN PREMJÊRE

Wy dogge der alles oan en hawwe goede hoop dat, nettsjinsteande de no jildende maatregels omtrint it koroanafirus, SKAAD dizze maitiid dochs yn premjêre gean kin. De spilers Paul R. Kooij, Dette Glashouwer, Pleun de Roode en Eelco Venema binne mei regisseur Daniëlle Wagenaar begûn mei repetearjen. Sa binne sy, wannear’t it wer kin, der klear foar om de foarstelling …

Maaike Beckers nije saaklik lieder

Mei grutskens kinne wy meidiele dat Maaike Beckers (32) beneamd is ta saaklik lieder fan Pier21. Mei yngong fan april start se yn dizze funksje en foarmet sy tegearre mei David Lelieveld de direksje fan Pier21. Maaike folget hjirmei Margret Havinga op. ‘’De ôfrûne jierren makke ik my as beliedsadviseur en koördinator by de provinsje Fryslân sterk foar kultuer yn …

Ried fan Tafersjoch 

Njonken in nije saaklik lieder is der op organisatoarysk mêd noch mear nijs. Wy nimme nammentlik ôfskied fan it ‘langstsittende’ bestjoer fan Pier21: Henk Hoen (foarsitter), Jan Smit (sekretaris) en Jan Douma (ponghâlder). Wy wolle se tige tankje foar harren ynset yn de ôfrûne jierren. Se hawwe David fan it begjin fan Pier21 ôf as wiere pioniers stipe en steane …

Start kaartferkeap nije lokaasjefoarstelling SKAAD fan Pier21

Yn it ramt fan 75 jier befrijing komt Pier21 mei de lokaasjefoarstelling `Skaad’. Op 18 jannewaris start de kaartferkeap. De foarstelling fertelt it ferhaal fan in fersetsman út Het Gooi, dy’t by de KP (knokploech) fan Skearnegoutum terjochte komt. Dêr makket er namme mei spektakulêre aksjes. Nei de oarloch krijt er in protte wurdearring en lof foar syn moed, mar letter …

Nije foarstelling fan Pier21 oer it boerelibben mei Freark Smink

Freark Smink hie in djippe wins nochris in persoanlike foarstelling te skriuwen. Nei trije jier ûndersykjen, praten en prebearjen is it him slagge mei `Wat soesto!’. Hij hat in yndringend portret skreaun fan in hjoeddeiske boer yn in bysûndere famylje, mei basearre op eigen ûnderfiningen. Under de regy fan Jos Thie spilet Freark Smink sels de boer en Klaasje Postma …

Ferhalejûn 350 ferhalen

Ljouwerter Krante: Der binne al mear as 300 ferhalen oanmeld foar de Ferhalejûn dy’t plak fynt op freed 15 novimber. Mar der is noch plak foar mear fertellers. It is foar de twadde kear dat Fryslân in jûn lang yn it teken stiet fan ferhalen. Yn húskeamers, musea, kafees, oerheidsgebouwen en yn bedriuwsgebouwen fertelle minsken folgjende wike freed tusken 19:00-22:00 oere oer harren libben, wurk, ambachten en ek gauris oer de …

Karin Netten nij lid Artistike Rie Pier21

Karin Netten slút per direkt oan by de Artistike Rie (AR) fan teäterprodusint Pier21. Sy follet de fakatuere op dy’t ûntstean is trochdat Wybrich Kaastra nei it bûtenlân ferhúze is, de eardere direkteur fan Skouboarch Ogterop yn Meppel. De AR advisearret produsint David Lelieveld oer it artistike belied fan Pier21. Njonken Karin Netten bestiet de rie út Jos Thie en Bouke Oldenhof. Karin Netten folge de oplieding dosint drama oan de NHL yn Ljouwert en de regy-oplieding oan de …

Foarstelling Kanoet giet yn it Dútsk yn premjêre op 22 novimber yn Bunde

Op 22 novimber giet de foarstelling Kanoet, die fan no ôf ek troch it libben giet as Knutt, yn premjêre op basisskoalle Oberschule yn Bunde yn Dútslân. Pier21 hat tegearre mei Landesbühne Niedersachsen Nord de foarstelling oer de Waadsee en de waadfûgels yn it Dútsk makke. De regy fan de Dútske foarstelling is yn hannen fan Frank Fuhrmann. Yn Nederlân …