TRACKS (op Oerol)

The sound and science of bird migration

Wêrom soesto alles witte wolle oer seegers, of oer nontsjes, of oer mientsen? Wêrom kriget in musikus de geast troch it gemurmel fan slykgarnaaltsjes, de puf fan in tommelmantsje of it tepieten fan strânljippen? Hoe soe de Waadsee derút sjen as der gjin ferhalen oer ferteld wurde soene of muzyk oer makke waard?  



Komponist/slachwurker Sytze Pruiksma en heechlearaar Theunis Piersma ferklankje en fertelle de ferhalen fan fiif trekfûgelsoarten wêr’t de Waadsee as knooppunt foar fungearret op har trekrûte.

De manlju witte – op in poadium fan strânsân en omjûn troch ûndersyksmaterialen – feilleas en fol entûsjasme har passy foar de rotgoes, gril, mients, reade skries en leppelbek oer te bringen.  



Rezjy: Jos Thie


Nijsbrief ûntfange


Spyldata

TRACKS is op Oerol 2017 alle dagen fan 8 o/m 17 juny te sjen om 11.30 en 14.00 oere. Lokaasje: Westerkerk yn West, Skylge. Kaarten binne fia Oerol te krijen, sagau’t de kaartferkeap fan it festival ein maaie úteinset.