Hylke Speerstra yn VPRO Boeken

‘Voor een appel.’ Dat is de kop boppe in paginagrut ynterview mei Hylke Speerstra yn de VPRO Gids fan 17 april 2015. De skriuwer appellearret yn it ferhaal oan de appel dy´t yn ien fan syn ferhalen, mar noch mear yn it teaterstik Feteranen, in bysûndere rol spilet. “VPRO Gids: “Hiermee is de appel een symbool geworden van de emotiegolf die door de provincie gaat.” De besikers dy’t Feteranen wilens sjoen ha, witte fuortendaalk wêr’t it hjir oer giet. Foar dejingen dy’t it stik noch sjen sille: Sy begripe it symboal al foardat it doek falt.” Ek yn it wilens opnommen televyzjepetear mei Hylke foar VPRO Televyzje NPO 1 snein 19 april mei Wim Brands, komt ‘de appel’ wer op it aljimint. Dy ‘utstjoering begjint om 11.20 oere.

Hylke: Hoewol ´t ik hast yn elk ynterview gewach meitsje fan it teaterstik Feteranen, beheine de ynterviewers harren hast altyd wer ta allinne it boek. De sjoernalist yn my begrypt ik dat wol in bytsje. Tagelyk merk ik dat der ek bûten Fryslân grutte belangstelling foar Feteranen bestean sil. It ûnderwerp liket aloan aktueler te wurden: it stik wurdt grandioas spile.

Besjoch hjir de útstjoering werom.
Voor een appel – VPRO Gids #15: http://bit.ly/1HjkREy

Comments 1

  1. De mannen die naar Indie moesten hebben 3 lange heftige jaren moeten doorstaan. De meesten wilden niet, maar hadden geen keus. Drie jaar van hun leven ingeleverd, weg van alles wat dierbaar was. Ongetraind en slecht toegerust het gevaar tegemoet. Zaken meemakend waar ze niet voor kozen. Een onnodige “oorlog”, maar dat valt hen niet te verwijten. Dat beeld kwam niet genoeg over in het het programma van de vpro….jammer!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Required fields are marked *