Fan libben en dea

Begjin 2019 is it nije boek fan Bouke Oldenhof útkaam: ‘Fan libben en dea’. It boek is in bondeling fan trije resinte toanielstikken: ‘Feteranen’, ‘Foar dy nei dy’ en ‘It wie op in simmerjûn’. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by harren yn de buert is.
Fan libben en dea
Bouke Oldenhof
De Pier21-foarstelling ‘Feteranen’ (2015) luts mei Freark Smink en Joop Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime ‘Foar dy nei dy’ (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it foar harren betsjutte om in bern te ferliezen. ‘It wie op in simmerjûn’ (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.
Bestelle Wolle jo it boek ‘Fan libben en dea’ yn hûs ha? As wolle jo it kado jaan? Wy stjoere it boek graach nei jo ta!Stjoer in mail nei info@pier21.nl wêryn’t jo jo bestelling oan ús trochjaan kinne. Neam yn de mail ek jo namme- en adresgegevens. Nei ûntfangst fan jo betelling, stjoere wy de bestelling nei jo op. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Required fields are marked *