Oer it skriuwen fan Feteranen

Bouke Oldenhof over het schrijven van Feteranen
Skriuwe is in avontoer. Bejoust dy hieltyd wer op nij en ûnbekend gebiet. Mar it moaie fan skriuwen is dat it noait in iensum avontoer is.
Produsint David Lelieveld woe wat mei 70 jier befrijing dwaan. Mei oarloch. Mei feteranen. David hat altyd ideeën dy’t algemien en maatskiplik lykje, mar dy’t yn de kearn dochs persoanlik binne. David is soan fan in feteraan. Wêrst as skriuwer útkomt witst noch net, mar David stjoert dy wol op in heldere misje.
Al gau stapt regisseur Jos Thie oan board. In man dy’t al sa faak tûke opmerkingen makke hat by eardere gearwurkingsprojekten. Mei him kinst in bytsje sparre watfoar kant it op moat. Eins witst by Jos yn it foar hokker kant hy dy opstjoert: de kant fan it gefaar. Net it gefaar fan ien of oare yngewikkelde eksperimintele foarm, mar it gebiet yn dêr’t de lânminen lizze fan fêstruske opfettingen en bermbommen fan it ferjitten.
Dan bellet Hylke Speerstra: `Ik ha it gefoel dat ik in goudmyn oan ferhalen fûn ha.’ Speerstra freget Yndië-feteranen fan om de njoggentich jier âld nei harren oantinkens oan de polisjonele aksjes. Mannichien wol it ferhaal kwyt dat him nachts út de sliep hâldt en dat er opbychtsje wol foar’t er de holle delleit. Jos en ik binne it gau iens wat wy kieze moatte: wy rjochtsje ús fizier op de Yndië-feteranen. Net de Twadde Wrâldoarloch mei syn útsliten paden. Mar de ûnbekende rimboe fan Yndonezië fol goede bedoelingen, gefaren en mislearringen.

Dan begjint de magy. De magy fan de earste sin op papier. Oer de earste sin ha ik miskien wol tsien kear langer dien as oer de folsleine twadde helt fan ti stik. Wat soe de goede earste toan foar it stik wêze? Beckett sjit my troch de holle. Wachtsjend op Godot. De twa feteranen wurde in bytsje clowns. Wat is it ferskil tusken wachtsje en de wacht hâlde? Ik nim sinnen út Wachtsjend op Godot sa oer yn Feteranen.
Hieltyd wer hoopje Vladimir en Estragon yn Wachtsjend op Godot op ferlossing. Krekt sa trou steane de beide feteranen by har monumint. Mar Freark Smink warskôget. It moat wol herkenber bliuwe, net in yntellektueel spul. Fansels, hy hat gelyk, mar goed dat hy der mei safolle wurden yndringend oan herinneret.
Minsken fan fleis en bloed. Ik kin in biografy skriuwe fan de personaazjes. Foar in part basearre op in famyljelid en op in doarpsgenoat, en rûnmakke mei details út al dy oare libbens dy’t ik ûnder eagen krige. Yn it boek fan Speerstra: Op klompen troch de dessa..

Is it wurden watst dy foarsteldest? Hoe faak hear ik dy fraach wol net? It antwurd is altyd nee. Ik sjoch neat foar my. Ik hear wat. Ik hear de akteur de teksten sizzen. Ik hear hoe’t de akteur mei syn temperamint reageare kinne soe en skriuw it op.
Minimaal tsien toanielteksten ha ik foar Joop Wittermans skreaun. Meitsje my midden yn de nacht wekker, en ik wit wat Joop sizze kinne soe. Joop is in thúswedstryd.
Al hoe lang ik Freark Smink spyljen sjoen ha, hoe’t ik him as akteur ek wurdearje, ik ha noch noait foar him skreaun. Freark is nij terrein. Gefaarliker en útdaagjender tagelyk. Kin ik him teksten oanleverje dy’t goed genôch binne? Kin ik him hearre yn myn holle? Freark sprekt in oar register yn my oan. Ik hear hieltyd in fraach yn myn holle: is it wol goed genôch? Doch ik it goed? Ik jou dy fraach oan Freark syn personaazje. In feteraan dy’t twifelet oft er him genôch ynsetten hat. En foar de goede saak? Hat er it goed den? No. Mar ek yn in lang ferline, dêr’t elkenien – hysels net yn it lêste plak – fan tinke kinne soe dat it ôfsletten en fergetten is.

Fan alle minsken dy’t mei my it avontoer fan it skriuwen oangien binne, hat Freark my it measte holpen. Jos Thie wie fansels wer belangryk. Ik hearde syn kommentaar al foar’t er it útsprutsen hie. Mar Freark ferraste my hieltyd wer. Syn fragen makken dat ik fan sêne nei sêne trochskriuwe koe. En it apartste fan alles: Freark hie neat yn de gaten. Mar lykwols: harstikkene bedankt, Freark!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Required fields are marked *